Samar Wepperkes

Nachtwepperkes
14 juli 2004
Alwer Wepperkes
16 juli 2004

Bus sjips heechhâlde
It rekord “in bus sjips heechhâlde” is net mear yn hannen fan Hendrik Eringa. Syn fakansy is om en syn rekord bliuwt stean op 15 kear. In oare Hendrik(de Jong) krige it foarelkoar om 16 kear de bus heech te hâlden. Dat is net gek fansels. It rekord pakt hy hjirmei net. Peter Sybesma pakte it rekord mei 17 kear. Lang bleaun dit rekord allinne net stean. Sicco Scheltema bliket it alwer ferbettere te hawwen mei 24(!) kear. Sicco hat fakansy en it is min waar, dus hy kin miskien noch wol mear helje. Peter kin miskien noch in serieuze bedriging foarmje. Hielendal as sy yn it sikehûs ek komputers hawwe…….
Probearje it sels ek ris en klik
hjir.

2e oanmelding fia de SDS-side?
Juster hat ien him wierskynlik oanmelden om lid te wurden fan SDS. Dit is allinne net hielendal slagge om ’t wy in leech formulier binnen krigen. It soe moai wêze as degene it hjoed noch in kear probearje wol. Slagget it net, mail dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Mear Links
Fannacht haw ik wer wat mear “Links” op de SDS-side setten. Jimme kinne no ek de links nei de websides fan inkelde sealfuotbalferienings brûke. Jimme kinne hjir links fine nei û.o. ZVV Urk, Avanti en de Herauten(Burgum). Ek is it aardich om op de webside fan Comme Ci Comme Ca noch efkes it ferslach fan de Midwintercup te lêzen.

Rabje(2)
Hjir inkelde geruchten dy ’t geane yn it transfercircuit:
* SC Heerenveen wol Lurling(Feyenoord) of Sikora(Ajax) oanlûke.
* Allbäck(Aston Villa) stiet net allinne yn ‘e belangstelling fan Feyenoord en PSV. Ek Ajax hat ynteresse.
* Newcastle United is der noch net út wa as Alan Shearer bystean moat yn ‘e spits kommend seizoen. Wierskynlik wurdt it Kluivert(Barcelona) of Ahmed “Mido” Hossam (Olympique Marseille).
* Mocht Didier Drogba(Olympique Marseille) nei Chelsea gean(40 miljoen euro?) dan wol Olympique graach Zlatan Ibrahimovic fan Ajax oernimme.
* NEC(??) wol graach Vennegoor of Hesselink(PSV) oernimme. Sy hawwe hjir al spesjale sponsors foar.
* Hatem Trabelsi(Ajax) giet wierskynlik nei Arsenal of Newcastle United.

HO!
Je hawwe dat wolris. Je binne tidens de wedstriid sa foel dat je lilk wurde as je de bal wer ris nêst sjitte of dy dûbele skjirre net lukt. Je binne frustreert en je begjinne te flokken en te skellen. De ien lûd op en de oar yn himsels. Soms moat de bal it ûntjilde en kriget dy in wâld. Dit kostet noch wolris in giele kaart. Soms wurdt de bal sa fuortfeegt dat je de bal noch skoften sykje moatte. It kin ek oars gean. Sjoch
hjir  mar ris. It wie neffens my net hielendal de bedoeling. No mar hoopje dat de skiedsrjochter dat ek sa fûn.

Spulregels Futsal
Foar degene dy ’t net hielendal op ‘e hichte binne mei de júste sealfuotbalregels hawwe wy efkes op syk west op it ynternet. Jimme kinne se fine ûnder it kopke “KNVB“. It kin al wêze dat dizze regels alwer wat feroare binne. By it sealfuotbaljen feroaret it noch wol gauris. It hjit ek al lang gjin sealfuotbal mear, mar Futsal.

Beckhams bal
Ik bin ophâlden fan bieden op de bal dy ’t Beckham sa ’n ein oer de Portugese goal knalde. Sjoch hjir mar ris wat der no kostet. Dan kin ik net iens mear nei Lowlands.