Remco Brouwer

Weppers moandei 14-1
14 januari 2013
Weppers woansdei 16-1
15 januari 2013

Ôfrûne snein is nei in slim siikbêd âld-SDS’er Remco Brouwer stoarn op fierstene te jonge leeftiid. Hy soe kommende freed 35 jier wurde.


Remco hat syn hiele jeugd by SDS fuotballe en keept en hat inkelde jierren by SDS 1 ûnder de latte stien.
Remco krige foarich jier te hearen dat hy slim siik wie, mar it paste hielendal yn syn karakter dat hy der foar stride soe om wer better te wurden. Ek tidens syn sykte kaam hy geregeld by SDS sjen en seagen wy altiten dy blide jongen mei dy glimk op syn gesicht. Wêr ’t earst tocht waard dat Remco wer hielendal better wurde soe krige hy yn oktober in grutte tsjinslach te ferwurkjen. Hy koe nea wer better wurde.

Freed is der fan 10 oere ôf tiid ta kondolearjen en om 11.00 oere wurdt der ôfskie nommen fan Remco yn “d Alde Wite” yn Dronryp. Nei de tsjinst wurdt Remco te hôf brocht.

Wy winskje Lizabeth en de bern, Anne en Ina en Jeroen en Anke in hiel soad sterkte ta yn dizze drege tiid.

Skriuwadres: Puoldyk 76, 9035 VC Dronryp






Remco mei SDS 1


Remco mei SDS 2


Remco mei SDS 3