Pupillenskiedsrjochterkursus

Weppers woansdei 1-5
1 mei 2013
Weppers tongersdei 2-5
2 mei 2013

Bêste fuotbal leafhawwers,

Myn namme is Hessel Steegstra, 35 jier, en tegearre mei myn frou Sabine en dochters Isa en Marin wenje ik yn Snits. Oankommende tongersdei, 2 maaie, haw ik protte nocht om in kursus pupillen skiedsrjochter te jaan by jimme feriening. Ik mei in grutte groep fan 16 a 17 jonge froulju en manlju weiwiis meitsje en besykje fierder op wei te helpen yn de wrâld fan it skiedsrjochterwêzen. In wrâld wêr ik sels sûnt ein 1997 al ôfgryslik soad wille yn belibje en as minske freeslik soad yn leard haw.
Nei 4,5 jier amateurfuotbal wêryn ik ûnder oare de moaie derby SDS – Nijland(mei in blaue middenstip) fluite haw, mocht ik de stap nei it betelle fuotbal meitsje. Yn myn 2e seizoen makke ik myn debút yn de 1e divyzje by de wedstryd Go Ahead Eagles – Haarlem. Nei 3 jierren benammen wedstriden yn de beloftencompeties en earedivyzje A-junioren fluite te hawwen, makke ik promoasje nei de B-list. Dit hold yn dat ik omtrint alle wiken wedstriden yn de 1e divyzje fluite mocht en as 4e official yn de Earedivyzje aktyf wie. Nei dit ek 3 jier dien te hawwen, blykte de stap as skiedsrjochter nei de Earedivyzje foar my te grut. Wol krige ik de mooglikheid om dit as assistent-scheidsrechter besykjen te gean. Fan dy kar ha ik alles útsein spyt krigen. Foarop steld dat ik dit hartstikke aardich fyn om te dwaan, is myn sportive ambysje no ek wurklikheid wurden. Fanôf ein 2009 en, ûnderwilens omtrint alle wiken, mei ik by wedstriden yn de Earedivyzje oan’e bak. Ajax – Feyenoord, op 20 jannewaris fan dit jier, is dêrby oant no ta it absolute hichtepunt. Sûnt 1 jannewaris bin ik sels international. Op 26 maart ha ik myn debút by de WK-kwalificatie wedstryd Malta – Itaalje makke. In fantastyske ûnderfining om mei spilers as Pirlo, Ballotelli en Buffon op it fjild te stean.
Miskien dat 1 of meardere fan de dielnimmende jonge froulju en manlju ek sa’n moaie takomst stiet te wachtsjen. Ik hoopje yn elts gefal dat sy sels in ôfgryslik soad wille yn ‘it skiedsrjochterjen gean of bliuwe belibjen, want elke wedstryd fertsjinnet in goeie motivearre skiedsrjochter!


It teoretyske diel fan de kursus begjin hjoed om 10.00. Om 13.00 sille wat E- en F-pupillen in pear wedstriden spylje dy ’t lieden wurde moatte troch de kursisten.