Daan Boersma kommende sneon flagger
22 mei 2003SDS 5 slút ôf mei gelykspul
25 mei 2003SDS hat sneon 24 maaie de earste wedstriid tsjin CVVO wûn mei 2-1. Yn in flakke wedstriid wiene der hast gjin kansen te sjen. Oan beide kanten net. Beide ploegen liken tefreden te wêzen met in 0-0 stân en hoopten op in tafalstreffer.
20 minuten foar de eind kaam de earste treffer dan dochs. In prima frije traap fan Wichard Deinum waard hurd ynspile op Feite de Haan en dy skeat fan 25 meter leech oer de grûn rekke. 5 minuten foar de ein fan de wedstriid kaam CVVO gelyk. Harm Stremler dy”t prima fuotballe makke syn ienige flater en CVVO profitearde.
Mar noch gjin 3 minuten letter wie it wer in foarset fan Wichard Deinum dy’t Hendrik de Jong mei gefaar foar eigen libben by de twadde peal ynkopte.
Te hannen fan de SDS-er gyngen omheech nei it lêst fluitsinjaal. Tefredenheid by SDS.
Opstelling wie:
Doel: Marten Faber
Efter: Gerrit Terpstra, Feite de Haan, Harm Stremler en Jan Simon Jelsma
Midden: Wichard Deinum, Skelte Anema, Jacob Klaas Haitsma en Anne Stenekes
Foar: Hendrik de Jong en Henk Postma
Op de bank sieten: Tsjipke Klaas Okkema, Syb Overal en Dennis Dijkstra
Sy foelen alle trije yn foar Jacob Klaas, Henk en Skelte
Kommende tiisdei om 19.00 oere wurdt de return spile op ‘e Lemmer