Wy binne juster mei in bus fol enthousiaste jeugdleden nei de de kidsrun yn en om it Abe Lenstrastadion in Hearrefean west. De jeugd hat super wurk levere en it skitterende bedrag fan € 4910,- bij elkoar sammele.
Alle heiten, memmen, pake’s, beppe’s, omke’s, tante’s buorlju, doarpsgenoten, kollega’s en oare kennissen: Tige tank foar it sponsorjen!
Neidat we us opsteld hiene yn it stadion gie de Kidsrun 2025 fan start, de aldste jeugd hat 2,5 kilometer draaft en en bern fan Jo8 en Jo9 diene in rûntsje fan 1 kilometer. Nei de draverij wiene der nog tal fan activiteiten op it parkeerplak, werûnder ferskillende fuotbalspullen, een fietscross en der koe in handtekening of foto skoart wurde fan Hearrefean spilers en spilsters.
Nei in nek-oan-nek race tot it ein ta hat Wout Dijkstra de measte sponsors foar SDS binnen hengele, klasse Wout! Mika is keurig 2e wurden en krige in moaie Hearrefean bal, Xander wie 3e en kin pronke mei in Hearrefean pet!
Fan alle dielnimmers waard Benn Zijlstra yn in lotterij winner fan in seizoenkaart foar takom seizoen.
Op it ein fan de dei binne we nog mei syn allen op ‘e foto kaam en koe de bus wer richting Easterein. Henk, Esther, Tineke, Froukje, Tsjitske en Adrie bedankt foar de begelieding!
Groetnis,
De jeugdcommissie
De memmen mochten ek efkes mei wat spilers fan sc Heerenveen op de foto.
Fansels koenen je ek handtekeningen skore.
En efkes yn it Abe-Lenstra-stadion sjen by Heero.
Benn Zijlstra wûn mei de lotterij 2 seizoenkaarten fan sc Heerenveen. Sa kin hy der folgend seizoen maoi hinne mei pake Pier.
De SDS-jeugd hie der wol nocht yn om efkes te drafen.
Wout Dijkstra wûn 2 VIP-kaartsjes foar in wedstriid fan sc Heerenveen om’t hy de measte stipers binnen helle hie. As it oan Wout syn heit leit dan wurdt it sc Heerenveen – PSV of……… sc Heerenveen – sc Cambuur? Wout syn mem ferwachtet sc Heerenveen – Feyenoord.
In moaie opbringst foar SDS mei tank oan elkenien dy’t stipe hat en de SDS-jeugd.