Ofskie Erik Haitsma

Weppers freed 23-5-2025
23 mei 2025
Sneon 24-5-2025
24 mei 2025
Weppers freed 23-5-2025
23 mei 2025
Sneon 24-5-2025
24 mei 2025


Erik Haitsma fuotballe yn de jeugd by SDS oan’t sc Cambuur him ferliede ta in oergong nei de jeugd fan sc Cambuur.
Nei it seizoen 2005-2006 kaam hy wer by SDS fuotbaljen. Tagelyk mei Jaap Toering en Tsjalling Sikma.
SDS 1 hie der krekt in seizoen op sitten yn de 1e-Klasse en draaide yn de 2e Klasse boppe-yn mei. Yn it seizoen 2007-2008 pakte SDS sels noch in perioade.
Marcel Frankena wie doe trainer by SDS 1.

Erik fuotballe net allinnich op heech nivo by SDS, mar koe ek in aardich baltsje slaan.

Dat keatsen siet it fuotbaljen wolris yn it paad. Of oarsom……

Wy kinne net folle foto’s fan Erik fine sûnder syn broer Jacob-Klaas. 😉


Erik hat blykber alris in penalty mist………

Yn it seizoen 2012-2013 degradeare SDS fan de 2e Klasse nei de 3e-Klasse. Erik fertrok nei 2e Klasser Waterpoort Boys, mar kaam nei ien seizoen werom by SDS neidat hy dêr ek degradeare ûnder trainer Duco Mulder.

Weppers snein 7-3 – SDS
Erik mei pupil fan de wike Wierd Hofstra. Letter syn teamgenoat by SDS 1.

Erik kin weromsjen op in moaie fuotbalkariëre. Hy is no 38 jier en hat 36 doelpunten makke foar SDS 1 en foar WPB 3 doelpunten. Hy makke 39 doelpunten tsjin mar leafst 30 ferskillende klups.
Hy hat 18 jier yn it earste fan SDS balle en dus 1 jier by WPB.
Erik hat besletten om te stopjen by SDS 1 en sil fierder mei syn skilderskariëre.

Wy sizze Erik tank foar al dy moaie fuotbaljierren en hoopje him gau wer op of neist it fuotbalfjild te sjen.
Moarn sit hy by de seleksje fan SDS 1 en nei de simmer komt der mooglik noch in passend ôfskie.