Programma SDS-nijjierssit.
28 december 2025SDS/Nijland JO19-1 útskeakele yn foarronde OFK
6 januari 2026Gjin trainen
Der kin moandeitejûn net traind wurde by SDS.

SDS/Nijland JO19-1 op it OFK
Moandei mei SDS/Nijland JO19-1 los yn de foarronde fan it OFK yn Frjentsjer.
Poule 13:
SC Stiens 2
Heerenveense Boys JO19-1
SDS/Nijland JO19-1
Golden Oldies 1
Broekster Boys 1
Haskerland 2
19.44 oere: sc Stiens 2 – SDS/Nijland JO19-1
20.26 oere: Heerenveense Boys JO19-1 – SDS/Nijland JO10-1
21.08 oere: Golden Oldies 1 – SDS/Nijland JO19-1
21.50 oere SDS/Nijland JO19-1 – Broekster Boys 1
22.32 oere: SDS/Nijland JO19-1 – Haskerland 2
SDS-nijjierssit
Juster wie wer de jierlijkse SDS-nijjierssit mei de jierlijkse SDS-kuier, klaverkjassen en in muzykkwis. It fuotbaljen koe net trochgean y.f.m. te min opjefte. Foarsitter Helga Develing koe spitich genôch net oanwêzich wêze. Sy is op fakansje en koe troch it minne waar net lande op Schiphol en moat har fakansje ferplicht ferlinge.
Omrop Fryslan
Omrop Fryslân kaam yn de persoan fan Heilco Broersma ek efkes del op de nijjierssit. Bauke en Willem mochten efkes foar de kamera komme.

Heilco Broersma hie in petear mei Bauke de Boer en letter noch mei de wepmaster sûnder burd.
Winners kaarten
Der wienen 24 kaarters en dit wie de einútslach:
1. Anne Aardema 5500 punten
2. Geert Dijkstra 5350 punten
3. Gerke Jellema 5341 punten
Poedel Annie Sjaarda 3530 punten

Winners muzykkwis
DJ Bas hie in alderaardichste muzykkwis ynelkoar draait wêr net allinnich de muzyk de boppetoan fierde, mar ek de ferbining mei it fuotbaljen socht waard.
‘Hoppaaaaaaaaaaaaaaaah’ mei Arjan Posthumus, Jelmer Hofstee, Bote Strikwerda en Willem Wijnia waard de winner.
Sy mochten genietsje fan in porsje bitterballen en in flesse bubbels.
Winner SDS-krystpuzzel
Amarins Tjalsma wûn in SDS-paraplu mei it ynstjoeren fan it goeie antwurd op de SDS-krystpuzzel yn de Treffer. Sy wie ien fan de goeie ynstjoerders en waard útlotten.
De goeie oplossing wie: Fijne feestdagen SDS
Blomke
Bauke de Boer gie jierren mei de kuierders op paad mei de SDS-nijjierssit en hat witte litten hjir mei te stopjen. Hy krige juster noch in blomke.

Sparje foar SDS
Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2354)
Neat moaier as balje yn de snie.
Al sjogge wy dit hjoeddeis net folle mear…..
But 🚲 dans la neige ❄️⚽
Ça, c’est du spectacle ! 😍#Football #Neige— Old Pitch (@OldPitch2025) January 1, 2026

