Nijjiersweppers 2020

Weromsjen op 1985-1986
2 januari 2020
Sneon 4-1-2020
4 januari 2020

De alderbêste winsken!

SDS-nijjierssit 2020

Sneon hawwe wy wer ús jierlijkse SDS-nijjierssit. Der kin wer kuiere, fuotballe, klaverjast en dûnse wurde mei muzyk fan DJ Baggel. Fanôf 13.00 oere is elkenien wolkom. It fuotbaljen en it klaverjassen sil rûn 13.30 oere los gean. Der binne ynmiddels al 16 kaarters dy ’t harren opjûn hawwe en mear as 50 fuotballers. De kuierders sille wol in oer as 14.00 oere fertrekke. DJ Baggel begjint fanôf in oer as 16.00 oere.

Opjefte

Moai om te sjen dat net allinnich fuotballers fan SDS harren opjûn hawwe, mar ek guon supporters en âld SDS’ers lykas Thor Ruiter, Kristiaan Gaastra en Ayanle Barkat. Martin Rienstra is spitich genôch siik.

Opjaan

Jim kinne jim noch altiten opjaan foar it klaverjassen en it fuotbaljen op de SDS-nijjierssit. Dan kin troch hjir te klikken.

Einstân SDS-League

De einstân fan de SDS-League wurdt kommende sneon rûn in oer as 16.09 oere bekend makke op de SDS-nijjierssit. Soe ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem yn de lêste wike genôch punten helle hawwe foar de titel?

Utslach winner Treffer-Krystpuzzel

Sneon wurdt mei de SDS-nijjierssit ek bekend makke wa ’t in prachtige SDS-sjaal wûn hat mei de goeie oplossing fan de Kyrstpuzzel út de Kryst-Treffer.

Wer traine!

SDS 1 sil jûn alwer foar it earst traine yn 2020. Sy traine fanôf 20.15 oere. SDS 2 begjint tiisdei 7 jannewaris wer te trainen. Sy traine dan tegeare mei SDS 1 om ’t der in soad fan SDS 1 op wintersport binne.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer

Op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer seagen wy net allinnich SDS, mar ek guon âld-SDS’ers. Moai om te sjen dat ek de talinten fan ea Remco Piek, Freek Tichelman, Jacob van Wieren en Martin Rienstra wer fan de partij wienen.

Harsens derby (2197)

Hjir noch ien fan de moaiste filmkes fan 2019: