Nijjiersweppers

SDS-fuotbalmikstoernoai, klaverjassen en kuierjen op sneon 5 jannewaris!
31 december 2018
SDS Vr1 op OFK
4 januari 2019

De alderbêste winsken!

Betterskip André!

Us skiedsrjochter André Vink leit noch altiten yn it sikenhûs yn Grins. Syn sitewaasje is stabyl, mar noch altiten krityk en net bûten libbensgefaar. Hy leit oan de beademing en wurdt yn djippe sliep hâlden. In lyts ljochtpuntsje is dat syn ûntstekingswaarden al wat sakke wienen. Wy hoopje dat hy gau opknapt. Miskien kinne wy him stypje troch in kaartsje te stjoeren nei:
André C. Vink
de Singel 30a
8734 HR Easterein
Of nei it UMCG t.a.f. André Vink

Sneon SDS-nijjierssit

Kommende sneon is de SDS-nijjierssit mei klaverjassen, in kuierke, in fuotbalmikstoernoai en nei de tiid muzyk fan Gerrit Poortinga. Jim binne allegear tige wolkom!

Klaverjassen

It klaverjassen begjint sneon rûn 13.00 oere. De folgende lju hawwe harren al opjûn. Der kinne noch wol in pear by. Mail efkes nei info@vv-sds.nl of jou it troch oan Willem Wijnia:

Klaverjassen SDS-nijjierssit 2019
1 Wouter Tjerkstra
2 Pyt Postma
3 Eeltje Postma
4 Enno Bruinsma
5 Anny Sjaarda
6 Anna-Marie Wijnia
7 Meinte Wesselius
8 Popko Wijnia
9 Jelle de Boer
10 Gerlof-Jan Hofstra
11 Wilco Overal
12 Rick Hendriks
13 Jan-Friso Bruinsma
14 Dirk-Yde Sjaarda
15
16
Reserve Pyt Tjerkstra

Kuierjen

It kuierjen begjint sneon om 14.00 oere. Under lieding fan Bauke de Boer kinne je moai efkes in blokje om yn de Greidhoeke. Je hoefe je net op te jaan. Daan, Lolke en Metsje rinne sawisa efkes mei.

Fuotbalmikstoernoai

It fuotbalmikstoernoai begjint sneon om 13.00 oere. Wy binne noch drok dwaande om alle fuotballers te tellen en yn te dielen. Wolle je noch meidwaan mail dan nei info@vv-sds.nl of jou it troch oan Willem Wijnia. Hâld de webside yn de gaten!

SDS Vr.1 op OFK yn Frjentsjer

De froulju fan Vr.1 meie moarntejûn los op it OFK yn Frjentsjer. De folgende froulju dogge mei:
Marjo, Alissa, Hester, Gerry-Edou, Elske, Seriette, Richtsje en Femke.
Sy spylje moarntejûn yn de foarronde yn in poule mei:
Bergum BCV 2
sc Twijzel
Blauw-Wit ’34 seal
sc Franeker
Be Quick Dokkum
It begjint allegear om 19.30 oere.
Dit is it programma foar SDS Vr.1:
19.58 Bergun BCV 2 – SDS
20.40 SDS – sc Twijzel
21.22 SDS – Be Quick Dokkum
22.04 SDS – sc Franeker
22.45 SDS – Blauw-Wit zaal

Traine

SDS 1 traint tongersdeitejûn foar it earst wer yn 2019. Sy traine om 19.00 oere. SDS 2 giet tiisdei 8 jannewaris wer los.

Net op it keunstgers!

As der gjin trainingen binne dan is it net de bedoeling om op it keunstgers te fuotbaljen! Hielendal net as it sportkompleks ôfsluten is.

Harsens derby (2090)

Ho!