Nachtwepperkes

Bekerprogramma SDS 1
12 juli 2004
Samar Wepperkes
15 juli 2004

Fakansyjild al op?
Mochten je no noch gjin bestemming hawwe foar it fakansyjild hawwe dat je krigen hawwe en ek gjin fakansyplannen dan hawwe wy in leuke tip. Jimme herrinnerje jimme fêst noch wol it EK. Hjir waarden spannende wedstriden balle. Foaral Portugal-Ingelân wie in kraker. De penaltyserie dy begie mei David Beckham ferjitte je noait wer. De bal bedarre yn ‘e 2e ring. Hjir stie in basketballer(Pablo Carral út Spanje) dy de bal fong en mei nei hûs ta naam. Dizze man hat no dizze bal te keap. Wa wol soks no net hawwe? Hy bead him oan foar 1 euro en eltsenien mei der op biede. Der kin no sûnt 2 dagen op bean wurde en de bal wurdt hieltiten djoerder. Hawwe jimme belangstelling of wolle jimme gewoan efkes sjen wat de bal no kostet, klik dan
hjir. Mocht ien him keapje dan mist der al in moai ein fan syn fakansyjild en bin ik bang dat de fakansy wol ôfsein wurde kin.

Wa moat de nije bondscoach wurde?
Wat de SDS-leden oangiet is it wol dúdlik dat it hun neat útmakket wa as der bondscoach wurdt. Gjin inkel mailtsje krigen wy binnen. Mocht der landelijk dus nochris in referendum hâlden wurde dan kin Easterein en omkriten wol oerslein wurde. Johan Cruijff hat ús noch al efkes witte litten dat om him Bassie en Schippie(yn plak fan Adriaan(se??) wol kinne. 
Hjir kinne jimme alle foars(gjin ûnaardige fuotballers west) en tsjins(“Een goed paard is nog geen goede ruiter”(Co Adriaanse) lêze. Hjir kinne jimme der noch mear oer lêze.

SDS 2 oefent 12 augustus
De earste oefenwedstriid foar SDS 2 stiet fêst. Der soe op 7 augustus tsjin Nijlân oefene wurde. Dit giet no net troch om ’t SDS 2 twa wiken letter ek al tsjin Nijlân bekerje moat. SDS 2 oefent no op tongersdei 12 augustus yn en tsjin Balk om 19.30 oere. Dit is de tongersdeis nei de Freule en dan stiet eltsenien lyk wer op skerp. 10 augustus oefent SDS 1 thús tsjin Balk.

Links
Dit hat neat út te stean mei ien dy ’t lofts(links) is, mar gewoan mei ús “Links”. Snapt eltsenien it noch? Lofts(links dus) fan dit skerm sjogge jimme yn it menu altiten “Links” stean. Hjir kinne jimme oare ynternetsides besjen dy ’t ek tige de muoite wurdich binne. Ik haw se yn ‘e nachttsjinst wat bywurke en der stiet no in hiele rige. Hawwe jimme ek noch in aardige link, mail dy dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Rabje
Sa simmers falt der net folle oer it fuotbaljen te praten. Oefenwedstriden dogge der net ta en it fuotbaljen op de Olympyske Spelen telt net echt mei. It ienige wêr as je it dan wolris oer hawwe binne de “transfergeruchten”. Giet Van Bommel nei Ajax? Giet Dick Advocaat Dútslân coachen op it WK yn eigen lân? Giet Batistuta wêr by Fiorentina fuotbaljen? It measte is faak net wier, mar it is wol leuk om it deroer te hawwen. Wy hawwe no lêzen dat Feyenoord en PSV (en Crystal Palace) belangstelling hawwe foar Allbäck fan Aston Villa. Sy soenen beide hast 2 miljoen euro foar de âld-spits fan SC Heerenveen oer hawwe. Ek soe Dessailly(Chelsea) yn ‘e belangstelling fan Feyenoord stean no as Féhér nei PSV gien is. SC Heerenveen huurt Calenkov(Anderlecht) in jier neffens de Belgyske kranten. Ahmed Hossam(ex-Ajax, no Olympique Marseille)stiet yn ‘e belangstelling fan Newcastle United. No as Florentino Perez de presidentsferkiezingen wûn hat by Real Madrid sit it der dik yn dat Wayne Rooney(Everton) nei Madrid komt. Patrick Vieira(Arsenal) is al sa goed as rûn mei de Madrilenen, lykas Seitaridis(Panathinaikos). Perez hat ek sein dat Beckham wat him oanbelanget by Real bliuwe mei. Fiorentina probearet Roberto Baggio safier te krijen dat hy syn fuotbalkarriëre dochs noch mar net beëindigt en yn Florence fuotbaljen komt.
Hawwe jimme ek in leuk gerucht heard, mail dit dan efkes nei
info@vv-sds.nl.