Sneon 6-12-2025
5 december 2025In oertinking
Foar 1984 wenje wij yn de gemeente Hennaarderadiel.
Dat foldocht poerbêst.
DS is dan de ienige fuotbalklup yn ús gemeente.
In sneonsklup.
Us buorlju yn it noarden en easten is Baarderadiel.
Dêr hawwe se ek ien klup.
Vv Oosterlittens.
In sneinsklup,
Yn 1984 komt der in weryndieling.
Wij wurde meielkoar Littenseradiel.
De nije gemeente hat no in sneon- en in sneinsklup.
Prima.
Dat komt der wer in weryndieling.
Alles moat grutter en Littenseradiel wurdt foar in part ûnderdiel fan de fierstetegrutte gemeente Súdwest Fryslân.
Yn dy gemeente binne 24 aktive fuotbalklups, wêrûnder SDS.
Littens en dus ek de fuotbalkup Easterlittens falt no ûnder de gemeente Leeuwarden.
Mar yn ús tinzen hawwe wij it noch oer de twa klups fan Littenseradiel.
Sûnt dit seizoen spilet vv Oosterlittens op sneon.
Sij spylje krekt as SDS yn de 4de klasse.
Littens en Easterein lizze himelsbreed 5 kilometer bij elkoar wei, mar de KNVB hat se yn ferskillende kompetysje yndield.
SDS sit yn 4 A en Oosterliitens sit yn 4 B.
“it is spitich dat se net bijelkoar yn de kmpetysje sitte”, hearden wij dizze simmer.
Miskien is dat wol sa mar dan hiene de ranglisten net sa moai wêze kinnen as no.
Beide ploegen binne op dit momint koprinner yn harren eigen klasse.
Dat Littenseradiel docht it net sa gek….
PS: kommende sneon is SDS 1 frij, mar hat vv Oosterlittens thús in ynhelwedstriid tsjin Foarút.




