Krystweppers

Noflik baljen foar de jeugd
23 december 2020
Weppers snein 27-12-2020
27 december 2020

Noflike krystdagen

SDS-jeugd ballet

De jeugd fan SDS mocht fannemiddei wer los op it sportpark. Mar leafst 60 bern hienen dêr wol nocht yn en kamen op de fyts nei it sportpark:

Poiesz-sponseraksje

Fannewike hawwe wy te hearen krigen dat SDS wer meidwaan mei oan de Poiesz-sponseraksje. Dizze is fan moandei 15 febrewaris oant en mei snein 11 april. Wy dogge wer mei by de Poiesz supermarkt yn Skearnegoutum. Y.f.m. de Korona binne de spulrigels wat feroare. Sa kinne wy net by de klup sparje en moatte de munten lyk yn de koker yn Skearnegoutum dien wurde.

Nije sjurtstiper

De PR-kommisje is tige bliid dat sy melde kinne dat Couperus-Hydrauliek B.V. út Easterein de nije sjurtstiper is fan de JO12 fan SDS. Dêr binne wy wiis mei! Bauke de Boer hat al efkes in sjurtsje mei in SDS-faantsje en in SDS-jubileumboek brocht by Couperus.

Nij lid Klup fan 50

Ek de Klup fan 50 hat der in nij lid by. Ald-SDS’er Johannes Tichelman wol syn klupke graach stypje en is lid wurden. Hy is moai op tiid, want dan kin hy noch moai de Kryst-treffer thússtjoerd krije.

In âlde foto fan Jehannes mei syn bruorren Job en Freek.

De Kryst-Treffer

Hjoed rollet de Kryst-Treffer by ús drukker en haadstiper Van der Eems fan de parse en leit rûn de kryst by jim troch de doar.

Gjin krystsealtoernoai……….

Meast krigen jim fan ús sa rûn de krystdagen ferslach fan it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. De lêste 20 jier hat hjir in ploegje SDS’ers oan meidien. De mannen moatte no sjen de krystdagen op in oare manier troch te kommen…….

Krystsealtoernoai Frjentsjer 2005

Paranoid

Hendrik Eringa pakte dit wykein mei ‘Paranoid’ samar in part fan de wykpriis. Dit wie him al in skoft net mear oerkaam. It sil fêst net sa wêze dat hy in wykpriis pakt hat no ’t hy eindelijk syn team sels wer ris gearstald hat……. Wy sjogge út nei syn team foar de twadde helte fan de SDS-League.

Harsens derby (2278)

Dy ferdediger glidet sa it nije jier yn……….