Krystweppers

Tuskenstân SDS-League
23 december 2018
SDS-League: ‘Hakuna Matata’** pakt de titel!
27 december 2018

Noflike feestdagen tawinske!

Betterskip!!

Juster krigen wy it tryste berjocht dat ús ferieningsskiedsrjochter André Vink mei in dûbele longontsteking yn it sikenhûs fan Snits leit. Wy winskje him in hiel soad betterskip ta. Betterskipkaartsjes kinne nei:
Antonius Ziekenhuis Sneek
Bolswarderbaan 1
8601 ZK Sneek p/a intensive care kamer 6

Krystsealtoernoai

Sneon wienen de earste foarrondes fan it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. SDS mei Jaap, Erik, Jacob-Klaas, Tsjipke, Pieter, Matthijs, Skelte en Willem hawwe in redelijk goeie ‘buoium’ lizze kinnen foar 2e Krystdei. Sy hellen 7 punten út 4 wedstriden. Der waard allinnich ferlern fan de winner fan ferline jier, Dr. Oetker. 2e-Krystdei meie de mannen noch wedstriden yn de foarrondes en mooglik dêrnei yn de finales.
10.48 oere SDS – Bloemketerp All Stars
12.00 oere SDS – Topline
De 8e-finales begjinne om 13.20 oere en de finale is om 14.40 oere. Sjoch hjir foar it folledige programma.
Der dogge mear (âld)SDS’ers mei oan it krystsealtoernoai lykas Bote Strikwerda(futsal Scharringa) en Freek Tichelman.

De Krysttreffer

De Krysttreffer is út en leit miskien al by jim troch de bus. SDS’ers dy’t him mei de post krije moatte miskien noch efkes geduld hawwe.

Einstân SDS-League

De einstân fan de SDS-League kinne jim 3e-Krystdei hjir op de webside ferwachtsje rûn in oer as 18.56.

Sealtraine

SDS JO19-1 traint tongersdei 27 desimber yn de seal fan 20.00-22.00 oere.

Harsens derby (2088)

Ho, ho ho!