Krystweppers

SDS-League: Dirk en Mika’s ‘De Jong Boys’ pakke de titel!
24 december 2025
Sparje mei foar SDS!
27 december 2025
SDS-League: Dirk en Mika’s ‘De Jong Boys’ pakke de titel!
24 december 2025
Sparje mei foar SDS!
27 december 2025

JO11-1 siket in trainer

De JO11-1 is op syk nei in trainer op moandei. De jongens spylje yn de haadklasse en kinne dus wol in poepke balje. Wa soe harren ien kear yn de wike op moandei traine wolle?
Graach trochjaan oan Harm Dijkstra: 06-20702345

Krystsealtoernoai fan Frjentsjer

In ploegje SDS’ers sealfuotballe ôfrûne sneon op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Der dienen 22 teams mei. It die ús tinken oan de lêste kear dat SDS dit toernoai wûn. Dat is hjoed(2e-krystdei) 25 jier lyn. Doe dienen der noch 40 teams mei en waard der op de sneon foar kryst en 2e-krystdei sealballe. Wy fûnen noch in nijsgjirrich artikel yn in âlde Treffer:

Kryst-Treffer

Tusken alle krystdrokte troch hat ús haadstiper Van der Eems it noch foarelkoar krigen om de kryst-Treffer te drukken. Wy hienen dit net ferwachte, mar binne hjir tige wiis mei. Sjapoo!
Dit betsjut dat jim de kryst-Treffer de kommende wike yn de bus ferwachtsje kinne.

Wa wol der balje op de nijjierssit?

Sneon 3 jannewaris om 12.30 oere der wêze en 13.00 oere los, jou je op by Gert-Jan Hiemstra; 06-51120435

Wa wol der kaarte op de nijjierssit?

Sneon 3 jannewaris om 13.00 oere los, jou je op by Harm Dijkstra; 06-20702345

Wa wol der muzykkwisse op de nijjierssit?

Sneon 3 jannewaris om 16.00 oere los. Opjaan yn teams van 4 persoanen. Jou je op by Helga Develing: 06-52628565

Harsens derby (2354)

Knappe wissel.