Komkommerweppers 17-7-2024

Eeltje Postma wint de SDS EK-League!
15 juli 2024

Komkommernijs

SDS 1 begjint op sneon 3 augustus wer te trainen. Oant dy tiid ferwachtsje wy net fuotbalnijs te hawwen útsein komkommernijs.

Nije hesjes

Johan Delfsma hat ferline wike wat hesjes foar SDS út Grou helle. Hjir sil Erik Haitsma bliid mei wêze.

Echte sc Heerenveen-hesjes.

Yn Dortmund

Ynmiddels is it alwer in wike lyn dat Nederlân fan Ingelân ferlear yn Dortmund yn de lêste minút. Johan Delfsma en Frans-Pyter Terpstra wienen der by yn it stadion.

Ek yn Dortmund

Net yn it stadion, mar yn de Fanzone yn Dortmund genoaten Hendrik de Jong, Pieter Kamstra, Syb en Brent Overal fan de wedstriid. Oant de 90e minút wolteferstean…..

Net yn Berlyn……

Hie Nederlân wûn fan Ingelân dan hie it ôfrûne snein de finale spylje mochten yn Berlyn tsjin Spanje……. Wesley Hoitenga, Frans-Pyter Terpstra, Johan Delfsma en de wepmaster sûnder burd baalden dûbel dat Nederlân yn de lêste minút ferlear. Sy hienen namelijk kaartsjes foar de finale. Dizze kaartsjes fia de KNVB hienen sy allinnich as Nederlân de finale helle…….. Oare kear better……
Oer 4 jier dan mar nei Ingelân en Ierlân. Of oer 2 jier nei Meksiko, Kanada as Amearika?

SDS WK-League 2026

Oer 2 jier is it WK fuotbal yn Amearika. Dit kear dogge der mar leafst 48 teams mei. Dat binne 2 kear safolle as mei it ôfrûne EK. Der komme mar leafst 12 poules fan 4 wêrby de bêste 2 trochgean en de de 8 bêste nûmers 3. Jim hawwe 2 jier om jim alfêst ta te rieden op de SDS EK-League 2026.

Harsens derby (2257)

It is simmerstop, dus dizze simmer mar goed oefenje om nei de simmerstop goed foar de dei te kommen.

Letter miskien wol mear!