Kenniskwis (4)

Kenniskwis (3)
3 februari 2004
Kenniskwis (5)
4 februari 2004

Hoi Freddy,

Do hast it seker wol sjoen op de side fan SDS. Dy W.W. hat de fragen te pakken krigen. No tinkst fansels hoe kin dat no? Hy wie dochs sakke foar it hacken? En in soan fan in plysje dy sjoch je dochs ek net ynbrekken wol? It is echt ferskriklik, mar ik koe it echt net helpe. Ik bin oerfallen wylst ik op de fyts ûnderweis wie nei myn wurk mei de fragen yn myn tas.

Op de Sjaardaleane hiene se gewoan sokke grutte gatten makke, flak foar it hûs fan D.O. dêr moast ik wol ynride. It tafal woe dat W.W. krekt op besite wie by D.O. . As in spear kamen se nei bûten, se sieten der fansels op te wachtsjen, en wylst de iene de kraan al klear stean hie, om my út it gat te takeljen, wie de oare dwaande my fol te plakken mei pleisters. Jonge, foar’t ik it yn de gaten hie, siet ik wer op de fyts, mei wat seare plakken, in protte pleisters, mar sûnder kwisfragen. Dy hiene se der fansels temûk úthelle. En sa hawwe se it spul ek noch op ynternet setten.

At it sa noch in wike trochgean moat, is it net bêst. Wy moatte dochs mar wat moed hâlde. De kop der foar hâlde dus.

Groetnis, Aant

P.S. Wat in gelok dat dit dy maklike fragen wiene dy’t wy net dwaan soene. Ik soe se meinimme foar wat kollega’s op it wurk, dy’t net folle fan fuotbal witte, omdat se meast by Cambuur sitte.