Kenniskwis (2)

Alles ôflast.
30 januari 2004
Skaad
30 januari 2004

Mei noch 14 dagen te gean liket it der op dat de kenniskwis de dielnimmers aardich yn de besnijing hat.

v     Wichard Deinum lit ús witte dat hy net op routine de earste priis heljen giet, mar op syn ynset. Dei (sneu foar de baas) en nacht (sneu foar Aukje) is hy dwaande boppeoan yn de VI kwis te kommen. Fansels, hy wint leaver de kenniskwis fan SDS, mar lanlik skore stiet him ek wol oan.

v     De fragen lizze yn in kluis op in geheim plak. It hat derom gjin sin om ynbraken te beramen op Swingoerd en ‘tHeechhiem. It hat derom gjin sin om dêr hieltyd lans te fytsen, Robert.

v     De taarten binnen goed ûntfongen op ’t Heechhiem en Swingoerd. Wy wisten net dat de bakker yn Hinnaard sok lekker spul hie. Tige tank derfoar Pieter.

v     Durk is ek al yn Snits sigjaleard by in grutte biblioteek. Spitich dat er de boeken net meinimme mocht. Alle dagen nei Snits is fansels lestich. Op dyn fraach at it ek skeelt datst mei in kruk rinst, kinne wy sizze: nee, al soest mei in rollator komme, it makket neat út.

v     Neffens ús ynformaasje hat Willem dizze wike op in snelkursus hacken sitten. Mei in Wrottende Wjirm  yn in foto fan Tom besocht hy de kompjoeters fan Aant en Freddy binnen te dringen. Gelokkich hat er it diploma net helle. 

Talrike belangstellenden hawwe frege at se harren helden oanmoedigje meie.

Fansels is dat mooglik, mar let op: fol is fol.

Op de fraach werom der gjin froulju meidogge, jouwe wy gjin antwurd. Dat sprekt ommers fansels.