De nije SDS-League! Ynleverje foar freed 14 febrewaris 18.00 oere! Wy binne der hast klear foar….
5 februari 2025Ik hie earst sneon fuort moatten, dat giet net troch.
No wit ik net oft ik der wiis mei bin, mar ik sil no dochs nei it sportfjild yn Frjentsjer moatte!
No ha der al efkes oer neitocht en betocht wat ik sels mei dizze wedstriid ha.
Yn Frjentsjer hiene se sûnt 1949 twa fuotbalferieningen; Freno, dy ’t sneins spile en de nij opjochte sneonsklup Froonacker.
Om ’t SDS yn 1951 yn de kompetysje kaam (3de klasse FVB en Froonacker ek yn de opbou wie, kamen se inoar op it fuotbalfjild tsjin (Dat jilde ek foar Zeerobben dat doe ek in nije klup wie.)
SDS siet yn dy jierren tink ik mei ien alvetal yn de kompetysje, treende allinne mar troch ûnderling wat te skoppen en te draven op it fjild.
Froonacker hie wol echt de útstrieling fan in stedsploech; gjin shirts fan ferskate soarten en broekjes fan ferskate kleuren swart, mar ik mien giele shirts mei in swarte of blaue balke.
Yn ien fan dy earste jierren stie Froonacker heech yn de kompetysje weryn SDS leech yn stie. I
k mien dat der yn Frjentsjer spile wurde moast en SDS wûn en nei ’t sizzen koste dit Froonacker it kampioenskip.
Ik tink dat by SDS ien fan de spilers wie Nico Vermeulen. Aant kin ek noch sokke âlde útslaggen weromfine, want sykje yn it Deiblêd of de Boalserter krante is ek sykjen nei in spjeld yn de heaberch.
1951-1952
1952-1953
Yn it begjin 60-jierren spile ik sels mei SDS mei tsjin Froonacker.
Der waard spile op it fjild tsjin de stêd oan. Dit wie wat lytser as it haadfjild, mar neffens Frjentsjerter begripen goed genôch foar Froonacker.
Op de kopskânt siet de tennisbaan! By de graasje Gods mchten wy ús yn de klaairomte fan Freno, ûnder de tribune, ferstroepe.
(Sels hiene wy yn Easterein yn dy tiid noch gjin boks! Dus wy koene neat te seuren ha.
1966-1967
It sil in wedstiid yn de 2de klasse FVB west ha. It waaide as it rikke en wy wiene de hiele wedstiid troch yn de ferdigening. Yn de 89 minuut en de 30ste sekonde komme wy foar de goal fan Fr. Der komt in korner op rjochts; Gerrit Okkinga nimt mei syn linkerpoat dy kormer en de bal sylt prachtich oer de keeper hinne yn de goal. Doe ’t ik yn 1976 learaar yn Frjentsjer waard en op in âlderjûn de heit fan in learling Wiltje Lodwijks tsjin kaam wist er him dit foarfal noch te heugen.
En wêr hoopje ik op?