Weppers freed 28-9-2018
28 september 2018Sneon 29-9-2018
28 september 2018Op 68 jierrige leeftyd is hommels ferstoarn Jan de Boer fan Easterein.
Jan de Boer makke yn de ein jierren 60, begjin jierren 70 diel út fan it earste alvetal fan SDS.
As middenfjilder moast hij it net ha fan syn rinfermogen mar fan syn tûke stekballen en oare paskes.
Yn Voetbal Noord stiet hij op 6 doelpunten mar wij tinke dat er foar 1971 noch in oantal misse.
Jan de Boer rjochte him nei syn fuotbalkarriere op it fjild, op it sealfuotbaljen, tennissen en it fluitsjen by it follyballen.
Hij kaam net folle mear bij SDS mar folge de klup en de webside mei grutte belangstelling.
Koartlyn wist hij ús noch te melden dat de trije hattriks fan Geert Hiemstra yn it seizoen 1972-1973 foaral ta stân kommen wiene troch syn assisten.
Yn 1971 wie hij ien fan de organisatoren fan de grutte basar.
Jan de Boer as sealfuotballer, op hurken twadde fan rjochts
Jan de Boer mei de SDS trui yn it romrofte SDS 4 alvetal (steand , hielendal rjochts)
Wy winskje de famylje en neisten fan Jan de Boer in soad sterkte ta mei it ferwurkjen fan dit ferlies.
De SDS-flagge sil moarn heal stok hingje en foar de wedstriden fan SDS 1 en SDS 3 is der in minút stilte.