Ids Boersma út de âlde doaze

SDS 2 siket in nije koach
23 juni 2025
Kom op famkes! Kom by SDS MO13 baljen.
1 juli 2025
SDS 2 siket in nije koach
23 juni 2025
Kom op famkes! Kom by SDS MO13 baljen.
1 juli 2025

Ids Boersma woe der net folle fan witte, mar nei syn alderlêste wedstriid mei SDS 4 tsjin Mulier 2 hong hy dochs echt de fuotbalskuon yn de wylgen.
Ids wie it âldst fuotbaljende lid fan SDS mei syn 65 jier.
Wy doken wat âlde doazen yn om te sjen as wy noch wat foto’s fan Ids by SDS fine koenen:


As wy dizze spilerskaart leauwe meie dan is Ids yn 1971 keurd en is hy dus op syn 12e begon te fuotbaljen by SDS.
Hy hat dus mar leafst 53 jier by SDS fuotballe.


Dit sil fêst ien fan de bêste teams wêze wêr as Ids yn fuotballe hat.


Ids hat ek jierren sealfuotballe. Ek mei súkses.


En súksessen belibbe mei SDS 35+.


Hy hat mei SDS op in hiel soad plakken west. Ek op Skylge.

Ids sil fêst de ienige wêze dy’t ea yn SDS 1,2,3,4,5 en 6 balle hat.

 


Ids hat hiel wat blommen krigen yn syn lange kariêre.


Steand: Flagger Auke Hiemstra, Frank Rijpma, Dennis Dijkstra, Willem Wijnia, Klaas van der Weg, Minne Bouma, Ids Boersma, Mark Postma, Gert-Jan Hiemstra en leider Floris Hiemstra.
Op hurken: Robert Sijbesma, Jan-Simon Jelsma, Tsjipke Okkema, Feite de Haan, Jeffrey van der Werf en Ronny Wagenaar.

Dit is de lêste teamfoto wêr as Ids op stiet. Op sneon 17 maaie fuotballe hy foar it lêst út tsjin Mulier.
Ids joech oan dat hy stoppet mei fuotbaljen, mar hie eins ek noch wol in pear jier mei kinnen;
‘SDS 4 spilet sa’n 20 wedstriden per seizoen, ik bin der mar de helte en fan dy helte fuotbalje ik mar ien helte per kear, dus eins binne it mar 5 wedstriden per seizoen, dus ik kin makkelijk oant myn 70e troch’.

Wy winskje Ids in hiel soad sûnens, wille en lok ta en hoopje him nochris oan de râne fan it fjild te sjen.
Of miskien in kear mei âld-SDS balje?