Futsal: SDS 1 wint yn de Lemmer

Ferrassende yndieling
9 februari 2004
Fragen
10 februari 2004

SDS 1 pakte justerjûn yn de Lemmer in frij maklike oerwinning op nûmer lêst Lemsterland. SDS hie it minder dreech as yn de earste wedstriid tsjin de Lemsters en wûn no mei 7-1.

De earste wedstriid tsjin de Lemsters yn Easterein wie noch tige dreech west. Derom gie SDS ek net mei in rêstich gefoel de útwedstriid temjitte ûndanks dat Lemsterlân ûnderoan stiet mei -2(?!) punten. Yn de wedstriid die al gau bliken dat SDS net benaud hoechde te wêzen. Nei sa ’n 5 minuten wie de wedstriid eins al beslikke. It wie doe al 2-0 en dúdlik dat Lemsterlân der net mear oan te pas komme soe. By rêst wie it 5-0 foar SDS.

De twadde helte hie ek wol op papier ôfdien wurde kinnen. Lemsterlân kaam der inkelde kearen in bytsje gefaarlik út en SDS stuitte meast op in blok fan ferdedigers. It waard úteinlik noch 7-1.

SDS is benijd wat WZS woansdei docht tsjin Workum. Sels moat SDS folgende wike tiisdeitejûn in drege wedstriid spylje tsjin RES yn Boalsert.

Doelpuntenmakkers:
Peter 3
Robert 1
Harm 1
Feite 1
Tsjipke 1