Weppers moandei 17-11-2025
17 november 2025Weppers woansdei 19-11-2025
19 november 2025Tiisdeitejûn spilet SDS 1 foar de beker út tsjin Drachten 1.
De wedstriid begjint yn Drachten om 20.00 oere.
18.30 oanwêzich
19.30 warming-up
20.00 begjin wedstriid
1 Jorrit
2 Jelte-Pieter
3 Remco
4 Gerwin
5 Tim
6 Matthijs ©️
7 Wiebe
8 Gerbrand
9 Ate
10 Kevin
11 Jelmer
12 Niels
13 Daniel
14 Pieter S.
15 Pieter B.
16 Wiebren?
17 Sven (O17 keeper)

vv Drachten is oprjochte yn 1921 en bestiet dus al mear as 100 jier.
Sy spylje lykas SDS yn wite sjurts en swarte broekjes.
Drachten spile mar leafst 33 seizoenen, fan 1967/68-2000/01, yn de 1e Klasse of Haadklasse fan it sneinsfuotbal.
Drachten 1 spilet no yn de 3e Klasse Q en stiet dêr dield 3e.
Yn de 1e ronde fan de beker wûn Drachten mei 0-7 by Marrum.
Drachten spile dus jierren op snein, mar is sûnt foarich seizoen(horizontaal) oergong nei fuotbaljen op sneon.
Foarich seizoen eindigen sy as 10e yn de 3e Klasse Q.
Foar safier as wy witte hat SDS noch nea earder tsjin Drachten fuotballe.
vv Drachten wie earder in wier sneinsfuotbalbolwurk.
De drokst besochte wedstriid ea op sportpark De Peppel yn Drachten wie de bekerwedstriid yn oktober 1984 tsjin Feyenoord.
Dêr kamen doe mar leafst 6000 taskôgers op ôf.
By Feyenoord fuotballen doe û.o. Ruud Gullit, Johnny Rep, Peter Houtman en Mario Been.
By Drachten stie de lettere keeper fan sc Heerenveen, Aldo Swager, op goal.
Drachten ferlear dizze wedstriid úteinlik mei 2-1. Drachten stie by de rêst ferrassend mei 1-0 foar.
Bekende âld-spilers fan vv Drachten binne:
Henk de Jong
Tony Alberda
Aldo Swager
Lubbe van Dijk
Pieter Huistra
Wy sjogge ien bekinde by Drachten 1 yn de seleksje.
Jorrit de Boer is in pakesizzer fan âld-fuotballer en SDS-bestjoerslid Tjalke Pander.
Spitich genôch kin Tjalke it net mear meimeitsje. Hy is 3 en in heal jier lyn ferstoarn.
Jorrit is ek in neef fan Sjoerd en Timen de Boer dy’t yn de jeugd fan SDS balle hawwe.


