Ferslach SDS-ledengearkomst

Weppers snein 16-11
16 november 2014
SDS lottet dreech foar OFK
17 november 2014

Woansdei 5 novimber wie de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Sa ’n 40 lju wienen hjir op ôfkaam. Gida Heerma makke foar degenen dy ’t der net wienen efkes in koart ferslach:

Koart ferslach fan de ledengearkomst 2014


*Dit jier mei Douwe de gearkomste foar it lêst iepenje mei sa’n 37 minsken yn de seal.

Douwe begjint yn ferbân mei it ferstjêrren fan Tinus Hoekstra mei in Yn Memoriam en in minút fan stil wêzen.

*It ferslach fan 2013 bestiet ut 8 siden, derom it koarte ferslach fan de ledengearkomste fan 2013. By it part oer de frywilligers jouwt Sjoerd van Beem oan dat hja nea yn dy kommisje soe. Syn namme wie wol neamt.

Yn it stik fan de ponghalder is roerend en ûnroerend trochinoar helle. Unroerend is foar Skoalleseize en roerend foar SDS. Hjirnei folget it jierferslach.

*Us PR man Bauke de Boer is net fit ut Tanzania kommen en moat jûn ferstek gean litte. Wol kinne we melde dat Van der Eems us haadsponsor foar 3 jier bytekene had.

*Op it stuit is de Jeugdkommisje kompleet. Willem Overal is der bykommen en docht foaral it sealwurk. Nij dit jier wie de mini League en mei-ien in succes. Der binne 261 jeugdleden wer fan 20 % famkes

*In goed en dúdlik ferslach fan us ponghâlders. It finansjeel jier fan de feriening rint fan 1 july oant 1 july. Tjerk van der Pol jout, bij de sifers oer de wedstriden nei Skylge oan, dat hja in brief skreaun hat nei dy gemeente. Sy wolle dat wij dêr komme te baljen mar we moatte ek noch toeristenbelesting betelje. Skylge wol der neat fan witte om dit derôf te heljen.

Fierders jout Tjerk oan dat de ING no ûnder aksjes/loten stiet mar dat dit in sponsoring is.

Yn de begrutting is in trainer foar it twadde meinommen mar dy ha we noch hieltiid net.

*De kaskommisje had neat raars fyne kint en is hiel tefreden. Theo Postma nimt it stokje oer fan Auke Eringa.

*De kontribusje giet yn ferbân mei de extra bydrage oan de KNVB en de ynflaasje mei 5% omheech

*It frywilligers belied bij SDS rint noch hieltiid net. Douwe lit in moai filmke sjen fan de KNVB: Samen verenigen!! Dit filmke is te sjen op You tube en op us SDS side. (by tongersdei 13-11-2014) en hjit back 2 basics 2

*Nei in koart skoft is it tiid foar de bestjoersferkiezing. Ta us blidens had Oetze Paauw oanjûn noch wol in periode te wolle en dit wurdt mei applaus ûntfongen.

Dernei nimt Douwe Reitsma nei 8 jier foarsitterskip  ôfskie. Us man fan under oare de SDS klean en syn inset foar de keunstfjilden. Mei grut applaus krijt hij syn klompke.

Douwe sil opfolge wurde troch Willem Wijnia

*Hjirnei folget op us fersyk in flamjende rede fan de Skoalleseize. Hja joue iepenheid oer de organisaasje en de sifers. Foaral de kantineomset rint stadich nei ûnderen. En just dizze omset is wer sa belangryk foar SDS.

Der wurd hiel wat freege oan Skoalleseize mar dat kin jimme yn it wiidweidich ferslach werom fine.

*As lêste is der de omfraach. Saken as it MFT, frywilligerswurk, klaairomte en de bartsjinsten komme oan bod. Ek dit is te finen yn it wiidweidich ferslach.

As lêste freget Anne Brouwer hoe let as Ajax –Barcalona begjint. Dit soene we sa moai mei syn allen sjen mar it is undertusken dochs alwer 22.00 oere!

 

Mei freonlike groet

Gida Heerma- Kooistra