Wepperkes -tongersdei-
27 december 2006Sibe dreamt oer lifters
29 december 2006Gerard syn komputer is noch net hielendal op regel, mar hjir dan wol syn ferslach:
Hjir it ferslach fan it twadde gedielte fan it krysttoernooi 2007.
Ôfwêzich: Tsjeard H. (famyljesaken)
SDS stie nei sneon tredde yn de poule en moast der foar soargje om boppe oan te kommen. Sadat hja in mindere tsjinstanner lotsje(op papier dan) en mear kans meitsje op trochgean yn it knock-outssysteem.
SDS moast moarns betiid,10.07 begjinne tsjin Prins bernard/van Dellen. Sy stiene boppe ús en it wie dan ek belangryk om te winnen. Dit barde ek. 2 – 0 waard it foar SDS.
Willem en Skelte makken beide goals.(Willem syn earste en in beste goal.)
Dernei wie it Rijschool vd Harst die mei 5 – 0 tsjin it sterk spyljend SDS ûnderút gie. It rûn op dit momint lekker en der hienen miskien wol 8 yn kinnen. Ek dizze ploech stie boppe SDS en sa dienen wy goeie saken.
Skelte,Dirk-Yde,Tsjipke,Willem en Tsjeard Breeuwsma skoorden ( Ek Tsjeard syn earste.)
It stugge spyljend De Trije waard ek nei de klaaiboksen stjoerd mei 2 goals om de earen. Tsjeard makke de earste en Dirk -Yde makke de twadde goal. Dernei kaam de leste wedstriid yn de poule. Autowasserette Dijkstra liet ús net winne. It waard spitich genôch 2 – 2 en sa koene we in konklúzje lûke dat we twadde bin wurden yn de poule.
Dan rûn de klok fan 14.00 oere spilen wy de 1/8 finale. Ik wit net mear rjocht hoe de ploech hjit,mar de bekende haadklasser keatser Michel van de Veen spile der yn. Dus de kans is grut dat it in ploech ut Frentsjer wie.
Nei in pear minuten spyljen wie it al snel 2 – 0 foar SDS. It rûn lekker mar al snel foel de 2 – 1. It agressyf spyljend Frentsjer waar aardich balstjurrich en flokke en skelle wie net in útsûndering foar hun.
Nei in aksje fan Willem waard it oarloch tusken beide ploegen, hoewol sy mear oarloch hienen mei ús dan wij mei hun, gie it toch efkes mal. Willem stie op in spiler syn foet(ûngelokkich) wêrtroch SDS de 3 – 1 makke. Dit wie yn hun eagen sear en sear ûnterjochte.
Dernei wie it ‘piece of cake’. SDS koe útrinne tot 6 – 2 en harren opmeitsje foar de 1/4 finale.
Hjir sil we dan mar net tefolle wurden oan smoarch meitsje. Tsjin ‘de pearsen’ wie it einde fan in goede reeks oerwinningen. Spitich genôch waard der ferlern mei 3 – 0. Dit wie miskien ek wol de minste party foar de boys.
Mei in beker nei hús ta ( de 7e priis) kin wy werom sjen op in gesellich en sportyf wykein. Ek nei it fuotbal fan tiisdei ha wy ús noch lange tiid fersjoen fan ‘giele rakkers’!! En die gienen der yn as ketelapper!!
Folgend jier in nij jier en wer folop kans om moaie prizen binnen te slepen.
Oan ’t safier en alfêst de beste winsken foar 2007
Gerard