Al foar 10 eurie nei sc Heerenveen – Sparta!
22 februari 2026No de winter wat foarbij liket te wêzen kinne wy de kommende sneonen wer folop oan de bak foar de 2e seizoenshelte.
Dat betsjut ek dat it hast wer tiid is foar wat feestjes.
It kommende seizoen ha wy noch twa op de planning stean.
Dus alfêst foar yn de aginda:
Dat betsjut ek dat it hast wer tiid is foar wat feestjes.
It kommende seizoen ha wy noch twa op de planning stean.
Dus alfêst foar yn de aginda:
Sneon 21 maart (nei de thúswedstriden fan SDS 1 en 2) de Foute ‘Kerst’ Party mei de ienige echte DJ Kerst (Hoekstra).
Hij sil spesjaal foar dizze dei de bestjoerstafel ynruilje foar in DJ-tafel en sil syn âlde hobby noch in kear tentoanstelle mei wat “foute” musyk.
Kin allinich mar gesellich wurde tinke wy.
Hij sil spesjaal foar dizze dei de bestjoerstafel ynruilje foar in DJ-tafel en sil syn âlde hobby noch in kear tentoanstelle mei wat “foute” musyk.
Kin allinich mar gesellich wurde tinke wy.
Sneon 9 maaie (nei de lêste reguliere thúswedstriden fan SDS 1 en 2) SDS-Slotfeest mei û.o. zanger Jelmer. Hy spilet wykeins de seal yn
Feanplaza plat mei syn (Hollânske) krakers en feestmusyk.
Dêrneist ek dit dit jier wer iterij fan, sa at it no liket, Gewoan Lekker fan Nanne(Dusselaar).
Dêrneist ek dit dit jier wer iterij fan, sa at it no liket, Gewoan Lekker fan Nanne(Dusselaar).
Dus set beide data alfêst yn jim aginda en hâld se frij.
Dan sille wy sjen at wij mei syn allen de kantine wer fol krije om der twa moaie feestjes fan te meitsjen.
Dan sille wy sjen at wij mei syn allen de kantine wer fol krije om der twa moaie feestjes fan te meitsjen.
Fierdere ynformaasje en posters folgje noch.
Groetnis,
de Feestkommisje


