Emosjonele topper Warkum-SDS

SDS Rotterdam?
7 november 2003
Utslaggen 8-11
8 november 2003

Hjoed, 8-11-2003, wie it safier. Wy moasten nei Warkum ta foar de belangrike, einliks de kampioenswedstriid. De tarieding wie tige goed. Der wie hiel best spile tsjin Oeverzwaluwen en op de training binne de jonges al wiken skerp. Yn Warkum moatte je nochris ekstra skerp wêze. Teminsten as jo de ferhalen heare en de erfarings fan foarich jier meinimme, geane jo dochs in bytsje mei in foaroardiel op paad. Ik hie mysels warskôge der net mei dwaande te wêzen en sa ek oan de jonges dúdlik makke. De skiedsrjochter wie bêst mar fluite hiel strak. Hy hie dermei goed oanfield hokker ‘belangen’ der op it spul stienen. It binne dan ‘mar’ D-pupillen mar beide ploegen binne tsjin it profesjonele oan yn it fuotbaljen en omgean mei san wedstriid. Taktysk wie alles goed trochsprutsen en wy earst tsjin de wyn yn. De opstelling wie:

Balbesit                      Christiaan
   Andries                                                  Doede
                     Wytse   Jacob        Jarco
   Elger/Rutmer               Ludze                     Anton
                                   Jort
                                   Thor
Balferlies                       Andries               Doede
                      Christiaan                                              Jarco
   Wytse                                      Jacob
         Rutmer/Elger             Ludze                     Anton
                                              Jort
          
                                   Thor
Us kracht leit yn it spul, de pass en it goed rinnen. De kombinaasje wienen goed en we kamen troch in goal fan Andries nei in foarset fan Doede op0-1. Efkes letter waard it 0-2 troch Doede nei in djiptepas op maat fan Wytse. Nei de rêst begûnen wy wat te foarsichtich. Warkum kaam mear op ús helte en wy koenen de bal net ‘fêsthâlde’. De beste spiler fan Warkum rûn ús strafskopgebiet yn en rint tsjin Ludze oan dy him fierders hieltyd foel op de hoed siet. Penalty! De skieds fluite no wol hiel koart. Miskien dat doe it fonkje oersloech by my en oaren, want wy warren grimmitich yn wurden en gebaar. Fiif minuten letter wer in penalty. Hielendal neat oan de hân en it barst. Ik gean te kear en ús wikselspiler noch folle mear. Hy goait der wat raar guod út nei de skiedsrjochter en dy staakt! Ôfkuolling fan 10 minuten. Dat kaam ús net raar út. Wer op it fjild ôfspraken tusken lieders, skieds en oanfierders en dernei wer begjinne mei de penalty. Thor siet yn de goeie hoeke, mar it waard dochs 2-2. Dernei pakke wy it dochs wer op en krije dan in penalty mei. Ek hjir ‘neat’ oan de oan. Christiaan waard wol beethâlden mar dy sels ek wat. Wytse sjit him keurich yn de hoeke, 2-3. Efkes letter in moaie korner fan Andries en de bal giet nei it lytse kopke fan Christiaan die skoart, 2-4. In pear kânsen foar Warkum en it wurd 3-4. Dan is it tiid en bliidskip! Mei de skiedsrjochter yn goedens neipeteare. Hy hie best floaten en de wedstriid en emoasjes goed oanfielt. Dochs myn eksuses oanbean foar myn somtiden te emosjonele coachende gedrach en it praat fan de wikselspiler. De spilers fan Warkum wienen best en sportyf! Wy binnen mei 3 punten yn de tas en in goed gefoel út Warkum weigien. Noch ien puntsje noadich foar it kampioenskip, dat wy binne der noch net mar ha hjoed in beste slach slein. Emosjoneel wie it en dat makke it ek wol wer bysûnder.