Kompetysje-yndielingen SDS Vr.1, 1 en 2 bekend
9 juli 2021Einstân SDS EK league
12 juli 2021Noch ien wedstriid te gean en der binne noch 260 punten te ferdielen.
Want in goeie útslach en dus in goeie toto fan de finale wedstriid kin noch twa kear 5 punten opleverje.
It kin krekt it ferskil meitsje.
Mar it grutte ferskil sil út de skoare fan de bonusfragen komme moatte.
Wij hawwe 5 bonus fragen en eltse goed antwurd levert 50 punten op.
Giele kaarten
Wij sitte no op 144 kaarten.
Der is ien dy’t dat hat.
Hessel Hek sil foaral sneintejûn lette op dat ûnderdiel.
At er net mear as 5 kaarten falle springt Hessel Hek in gat yn de Skylger loft. Hij is dan de ienige dy’t punten hellet.
Mar der komme ek oaren yn sicht foar wat punten at er mear 2 of mear kaarten falle.
Foar de dúdlikheid, je meie der 5 neist sitte.
Hessel Hek | 144 |
Pieter Wijnia | 151 |
Sjoerd de Boer | 152 |
Hendrik de Jong | 153 |
Reade kaarten
Der binne noch mar 5 reade kaarten fallen.
Dat fine in oantal dielnimmers prima.
Mar se binne der ek dy’t graach wolle dat er noch ien reade kaart útdield wurdt troch skiedsrjochter Kuipers.
Okke van der Kamp | 5 |
Sjoerd van Beem | 5 |
Anne Stenekes | 5 |
Pieter Sijtsma | 5 |
Lieuwe-Jan Yntema | 5 |
Sjoerd de Boer | 5 |
Bas van der Weij | 5 |
Jan en Simon van der Vaart | 5 |
Seriette Strikwerda | 6 |
Ate Feike de Boer | 6 |
Pieter Kamstra | 6 |
Johan Delfsma | 6 |
Hessel Yntema | 6 |
Jildert van der Werf | 6 |
Brent Overal | 6 |
Jurjen Eringa | 6 |
Wij witte hast wol seker dat Ate Feike de Boer wol hiel graach wol, dat it net 6 reade kaarten wurdt.
Dat soe him best wolris 5 kilo Skylger tsiis kostje kinne
Top skoarder
Ronaldo en Schick binne de topskoarder noch altiten mei 5 doelpunten.
Beide sitte al thús.
Der binne trije dy’t Ronaldo hawwe.
Mar hoe komt it mei Kane?
Hij stiet op 4 doelpunten en der binne 5 dielnimmers dy’t Kane as topskoarder oanjûn hawwe.
Dus mei in doelpuntsje derbij binne de Ronaldo en Kane gokkers spekkeaper.
Oantal doelpunten topskoarder
5 doelpunten is no de winnende skoare.
Der binne 11 dielnimmers dy’t dat hawwe, wêrûnder Jelle Wiersma de grutte konkurrint fan Ate Feike.
Mocht Kane 2 kear skoare dan komt it eintotaal op 6.
Dan binne der ynienen 18 dielnimmers dy’t 50 punten helje
Europees kampioen
Dat de Europees kampioen wol wat ferrassend is, kinne wij fêststelle omdat er mar 1 keazen hat foar Ytaalje en dat er 2 Ingelân ynfuld hawwe.
Famylje-ear
Neist de striid om de prizen binne der fansels allegear ûnderlinge wedstriden oan de gong. Wa mei it heechste wurd hawwe op famyljefeessies fanwege de posysje op de ranglist?
Is dat Appie of Jelmer Posthumus
Is dat Bote of Seriette Strikwerda
Binne dat Dirk en MIka of is dat Hendrik de Jong
Is dat Klaas Bouke Faber of binne dat de bruorren Lieuwe Jan of Hessel Yntema?
Is dat Samme Overal of omkesizzer Brent? En wat at nicht Sybrecht oanskood?
Is dat Willem Wijnia of ien fan syn soannen Tom of Pieter? En at Trienus de Jong lânskomt?
Is dat Larson Hek of Hessel Hek?
Is dat Lolke Hofstra of Aant Hofstra?
Is dat Auke Eringa of Jurjen Eringa?
Wa wurdt de kampioen fan Skylge dat is ek sa’n dinkje?
Kin Marc Hoekstra boppe syn heit Robert Hoekstra einigje?
Nee, it is noch lang net útiten allegear……
Hup Brent
Brent Overal is ien fan de jongste dielnimmers.
Hij is stikum de top 10 binnenslûpt.
It binne net allinne de Overallen dy’t him supporterje mar ek yn Belgie sit no al in fenklup