EK-League 1-7-2024

EK-League 30-6-2024
30 juni 2024
Weppers tiisdei 2-7-2024
2 juli 2024

Juster bleek der in lyts foutsje te sitten yn ús Excel-bestân wêrtroch in pear dielnimmers 5 puntsjes misten.
Dit is ynmiddels hersteld en de stân fan juster is iets oanpast.

Justerjûn uteinlik net folle ferrassingen wêr troch de stân net hiel folle feroaret.

Engeland – Slowakije 2-1

It wie nei 90 minuten 1-1 en dat betsjut dat allinnich Jildert van der Werf punten byskriuwe kin. Hy gie foar de 1-1 en pakt de folle 10 punten.

Spanje – Georgië 4-1

In dikke útslach foar de winner fan groep B. Anne Torensma (wa oars?) en Rudmer Jesse Joustra setten as ienigen al harren jild op in 4-1 oerwinning. Dy 10 punten hawwe je mar wer en beide kinne de punten ûnderyn wol brûke. De rest fan de dielnimmers seach allegear de winner fan groep B winnen en kin 5 punten byskriuwe.

Spanje en Engeland troch nei de kwartfinale

De measte dielnimmers seagen dizze topfavoriten wol yn de kwartfinale. 4 dielnimmers hawwe noch altiten de folle 100% skore. Lisa, Pieter Sijtsma, Aant en Redmer en Harmen hawwe alle 4 kwartfinalisten noch goed.

Harry Kane

Dat Harry Kane skoorde foar de Ingelsen komt guon SDS EK-Leaguers wol goed út. Sy hoopje dat dizze goal no eindelijk wurket as in ketsjupflesse. No’t der syn twadde goal makke hat folgje der hooplik in bult mear. 15 dielnimmers sjogge him namelijk as topskoorder fan dit EK.

Rinse Joustra sjocht it swerk al driuwen. Hy is fisk-fegetariër en hat no al nachtmerjes om nei it EK foar 50 euries deade fisk fan Skylge te heljen as hy de poedelpriis pakt.

1 1 Lisa Hoekstra Easterein 655
2 2 Pieter Sijtsma Wommels 650
3 3 Jens Overal Terschelling 610
4 4 Annejan Hallema Wommels 605
5 5 Eeltje Postma Wommels 600
6 7 Pieter en Benthe Kamstra Easterein 595
7 8 Bote Strikwerda Wommels 590
8 9 Jaap Toering Wommels 590
9 10 Jelmer Posthumus Wommels 590
10 35 Redmer en Harmen Easterein 590
11 11 Aant Hofstra Wommels 585
12 12 Grietzen Broersma Ljouwert 585
13 13 Hendrik Eringa Spannum 585
14 14 Johan Delfsma Wommels 580
15 15 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 575
16 16 Brent en Syb Easterein 570
17 17 Wiebe Heeres Wommels 570
18 18 Bas Postma Landerum 565
19 19 Folkert en Tjerk van der Werf Reahûs 565
20 20 Seriette Strikwerda Spannum 565
21 21 Jelmer de Groot Hoorn (Skylge) 560
22 23 Margit Cnossen Spannum 560
23 24 Pieter Wijnia Wommels 560
24 25 Samme Overal Terschelling 560
25 26 Willem Wijnia Wommels 560
26 27 Erik Haitsma Wommels 555
27 29 Lolke Hofstra Wommels 550
28 30 Lourens van der Pol Easterein 550
29 31 Paul Reitsma Wommels 550
30 32 Jan-Friso Bruinsma Wommels 545
31 6 Marc Hoekstra Easterein 545
32 33 Hendrik de Jong Wommels 540
33 34 Jelmer Hanenburg Spannum 540
34 36 Auke Eringa Wommels 535
35 37 Eeltsje Bootsma Ljouwert 535
36 38 Melle de Boer Wommels 535
37 39 Teade de Boer Wommels 530
38 40 Tom Wijnia Wommels 530
39 41 Gerbrand en Douwe Jan Wommels 525
40 42 Brend Toering Wommels 520
41 43 Hessel Hek Hoorn (Skylge) 520
42 44 Jelke van der Werf Wommels 520
43 22 Jildert van der Werf Wommels 520
44 45 Anne Torensma Midsland 515
45 46 Jelle Wiersma Wommels 510
46 47 Ate Feike de Boer Wommels 505
47 28 Frans-Pyter Terpstra Wommels 505
48 48 Rudmer Jesse Joustra Wommels 490
49 49 Rinse Joustra Wommels 475