Efkes Ballers yn Oranje

Sneon 12 juny fuotbalklinik foar de MO17 en famkes dy ’t it ek leuk liket
3 juni 2021
Weppers snein 6-6-2021
6 juni 2021

Rju achte hear de Boer
(bêste Frank)

Lit ik fierdere freonlikheden mar fuortlitte en lit ik gelyk mar mei de doar yn hûs falle. It wie dizze wike net om oan te sjen wat dy lju yn dy oranjesjurtsjes, dy’t jo it fjild ynstjoerd hawwe, ús sjen lieten.
Sij kinne dit wangedrach fansels net helpe , want se witte gewoan net wêr’t se oan ta binne en hoe’t se spylje moatte. Se binne ek wurch dat sjogge jo seker ek wol. Wurch fan al dy posysjes en systemen en rinlinen dy’t se út de holle leare moatte
Hjir yn de Greidhoeke, sa tusken oare (de) boeren, binne in soad lju ôfheakke as Oranjefan. At dit fuotbal is en at wij hjir nei sjen moatte  de kommende wiken dan wurdt it him net mear. Dan binne wij bliid dat er wer keatst wurdt.
Safolle fans minder dat moat je dochs wol wat dwaan. Ik freesde fanôf woansdeitejûn let dat der freed bij ús Efkes Baljen net folle animo wêze soe.
Wij hawwe elkoar juster en hjoed moed ynsprutsen en elkoar foarholden dat fuotbal ek leuk wêze kin.
Wij diene de tasizzing dat der gjin Oranjehesjes brûkt wurde soene, want miskien leit it oan de kleur.
Der kamen mar leafst 13 man op it fantastyske fjild yn Wommels, Dêr hoege wij net foar nei de Algarve.
13 man is ûneven, dat witte jo fansels ek wol en oars soe immen fan de assistinten dat nei jo ta kommuniseare kinne.
13 man betsjut 6 tsjin 7.
Jo wolle it miskien net iens leauwe mar der wiene 6 man dy woene ikrekt wol in oranje hesje oan ha. Dy woene sjen litte dat je yn Oranje wol foarút te brânen binne, dat je wol in djippe bal of in lange pass jaan kinne. Dat dy bal net altiten werom hoecht nei de efterste man of de doelman.
Dy 6 mei dat Oranjehesje dy kamen mei 5-1 efter mar losten it efterstânsprobleem sels op. Sij kamen werom, sij kamen sels foar en úteinlik spilen se gelyk.
Dat resultaat wie net it wichtichste op dizze jûn yn dizze fase, nee de spulfreugde spatte der ôf en der wiene sels foarbijgongers dy’t stean bleaunen om te sjen, hoewol publyk fansels net tastien is hjir.
13 man hawwe op dizze freedtejûn wer ûntdutsen dat fuotabal in geweldich spultsje is, at je it mar net sa yngewikkeld meitsje mei systemen.
Wij hawwe gjin bylden dus moatte jo gewoan dizze goeie rie fan mij opfolge: Stjoer 11 man it fjild yn tsjin Georgie, sûnder systeem mar gewoan mei de noas nei foaren.

Fuotbal is gjin skeikunde en ek gjin skaken.

Freonlike groetnis

Aant

Noch wat feitsjes:
Theo Postma wie der nei mear as in jier wer, Bertus Procee soarge as fanâld foar in wat sportive wâldenpit, sakenman Menno de Vries koe ek efkes tiid fine, it foel Robin van der Weg wer op dat it gjin “walkingfuotbaltempo” is, Harry en Ferrie sjogge der tige ôftraind út en, Kerst hat in nije fyts en makke de winnende en de finalestriid
Oranje hesjedragers: Menno, Robin, Ferrie, Harry, Klaas, Bertus
Sûnder hesje: Wouter, Folkert Rients, Kerst, Sipke, Theo, Remco en Aant