Efkes Balje 12-8-2016

Weppers tongersdei 11-8
11 augustus 2016
Weppers snein 14-8
14 augustus 2016


It wie freed wer in bysûndere edysje fan it Efkes Baljen.  Der wie in blessure, der wie in Grieks terras, der wie in boat op it Iselmar, der wie in berch en in fyts en Ajoep en konsorten wiene yn  it Fean en ek dat wie foar in oantal in oanlieding om net te baljen.  
En toch wiene der 14 man….uh..6 man en 8 jonges.  It wie in soarte mei OO-65 (Oudjes Onder 65) tsjin JO-17 (Jeugd Onder 17).
It sil je ek mar gebeure dat dy âldtsjes (de jongste wie 41) roppe fan “sille wij  jong tsjin âld dwaan”…sis dan mar ris “nee” as jongerein.
 
JO 17 krige de hesjes oan en it wie prachtich te sjen dat sij earst yn konklaaf gyngen oer de opstelling.  De OO-65-tigers eamelden dy tiid fol. 
De kompliminten nei ôfrin geane út nei JO 17.  Mark, Kevin, Luca, Robin, Eeltsje, Nykele en Douwe Jan spilen fersoarge fuotbal. 
Fêste posysjes, fêste patronen, fris oanfalspul  en ûndersteund troch in  prima technyk en goed ynsicht. Grutte en genôch kânsen, mar peal en latte diene ek mei bij âld. Sels in strafskop waard mist. 
Dus wûn OO-65 mei 7-3. Se moasten der wol hurd foar wurkje en fan de 7 doelpunten  kin ik mij sa 4 skerpe kounters herinnerje. 
De finale (twa winnende doelpunten) wie echt spannend. Bij JO-65 sloech de wurgens ta en it kounterjen gie net sa maklik mear. Snitser Lucas krige troch in lichte blessure fan Robin ynienen in transfer fan âld nei jong….
Jong rûkte de kâns op in oerwinning mar in Folkert Rients wol net ferlieze fan syn soan, In Chiel wol net ferlieze fan syn pakesizzer, in Ferry wol net ferlieze fan jonges dy’t hij traint of traind hat, in Harrie en in Wouter wolle nea ferlieze en dêrom socht de skriuwer fan dit stikje op lêst de ienige oplossing om dy “lytse”mantsjes te ferslaan: de lob en dat  ek noch wol mei syn linker.  Moai potsje en JO 17 tige tank foar jim meidwaan. 
Aant