Douwe Posthuma ek folgend seizoen trainer fan SDS 1

Weppers freed 9-1-2026
9 januari 2026
Weppers freed 9-1-2026
9 januari 2026

Sa’t jim yn de Treffer lêze koenen is Douwe Posthuma ek folgend seizoen trainer fan SDS 1.
De assistint-trainers Jappie Wijnia en Jaap Toering plakke der ek noch in seizoen oan fêst en ek assistint-skiedsrjochter Hendrik Sweering bliuwt.

Douwe kaam foar it seizoen 2018-2019 by SDS. Nei it seizoen 2021-2022 naam hy ôfskie om begjin 2024 healwei it seizoen werom te kommen by SDS.
It betsjut dat Douwe folgend seizoen foar it 8e seizoen trainer fan SDS 1 is.

SDS 1 stiet op dit momint boppe-oan yn de 4e-Klasse B en hoopt oant it lêst fan de kompetysje mei te dwaan om promoasje.
It soe foar SDS de earste promoasje wêze kinne sûnt 2005.

De langst sittende trainer by SDS is Theo Janssen. Hy wie trainer fan 1965-1974 trainer fan SDS. 10 seizoenen lang (bron Voetbalnoord).