Dêr hienen sy it net oer!

Wêr is Aant H?
7 juli 2005
De nije sponsorgroep.
8 juli 2005

Dit tafereeltsje seagen wy forige wike op it keatslân. Wichard Deinum(foarhinne SDS 1 no SDS 3) drok yn petear mei Ype Tiemersma(de helte fan it duo Knabbel en Babbel en spits fan SDS 4). Jim mochten betinke wêr ’t sy it oer hienen en wy krigen ferskeiden antwurden binnen:

*Ype freget Wichard as der wolris neitocht hat oer ferhúzjen nei Easterein…

Groet, Klaas Pompstra


*Folgens my wol ype wichard it plak sjen litte wer de teamfoto fan it earste nommen wurde moat.
Feike Jorritsma

*Volgens mij is ype in mop oan it vertellen;
ype: he wichard, kisto die mop fan die sds 1 spieler die in afskieds wedstriid fuotbalje soe?
wichard: nee
ype: ik ek net. hij gong net troch
Groeten Hendrik de Jong

*Ype seit tsjin Wichard;
“Do ferkeapest gjin krânsen oan ús Martine want asen hat sy der mear as 10 en dan kostet it my in laptop”.
Groeten, Willem Wijnia

-Ype freget Wichard foar SDS 4.

-Wichard freget Ype foar SDS3
-Wichard wol wat kransen oerkeapje fan Ype foar it klassemint.
-Wichard freget hoe djoer it hinnefoer is.
-Ype freget at er al in nije rjochtback by it earste is.
-Ype ûnderhannelt ut namme fan Welkoop foar in comeback fan W. yn it earste.
Groeten, Aant Hofstra

Al dizze antwurden wienen net goed. Moarn kinne jim hjir it goeie antwurd lêze.