Útslagen 10 desimber
10 december 2005Wepperkes -snein-
10 december 2005HZVV 1 – SDS 1 4-0
De ploech út Hoogeveen wie better, mar SDS krige yn de earste helte twa 100% kansen: Skelte en Hendrik misten.
Nei de thee wie der in flater fan Marten en in eigen doelpunt fan Jacob Klaas dy’t er foar soargen dat de 4-0 op it boerd kaam.
LTC 2 – SDS 2 3-1
De mannen út Assen krigen in oantal goeie kânsen en in 3-0 rêststân wie dan ek net frjemd west. Lykwols SDS kaam op 0-1 troch Ruurd. Willem hie de 0-2 op de skoech mar dat gie net troch. LTC kaam goed werom en de 3-1 wie net flatteard. By SDS 2 makke Geert Dijkstra(SDS A1) knap syn debút op rjochtsback.
SDS 3 – sc Franeker 2 4-0
Albert Jan Joustra wie de grutte man bij SDS 3. Hij skoorde trije kear. Ek Sjoerd van Beem die it as doelman prima. It 4de doelpunt wie fan Gerlof Veldstra
SDS 4 – Nicator 1 3-1
Troch in terjochte strafskop kaam SDS 4 op 1-0. Ype Tiemersma skoorde. Nicator wie seker net minder en SDS moast hurd wurkje om foar te kommen dat de Ljouwerters gelyk makken.
Nei 20 minuten yn de twadde helte waard it 2-0 troch broekie Jildert Hylkema. Nicator kaam werom op 1-2 troch in aaklik misbegryp tusem Tjeerd en Jaap. It bliuw spannend oant 5 minuten foar de ein. Sipke stjoerd Klaas Visser de djipte yn de dy wist mei in prachtige lob de doelman te passearen. Rutger Wagenaar, de fysio fan meardere SDS-ers. wie de beste Nicatoor.
SDS 5 – RES 1 2-6
De rêststân wie mar 0-1. Der wiene yn de twadde helte 2 doelpunten fan SDS: Willem Veenstra en Tiemen Vermeulen. Lykwols RES skoorde noch 5 kear.
SDS A2 – Joure A3 8-4
It wie lang spannend want op in bepaald momint stie de 3-3 op it skoareboerd. Dat it 8-4 wurden is betsjut dat it mei de kondysje fan de A 2 spilers wol goed sit.
Doelpuntenmakkers: Jelmer van der Valk (2) Bram Strubbe, Malcolm Feijten, Erwin de Boer, Stefan Bruinsma , Andries Lanting en it lêste doelpunt waard makke troch in prachtich skot fan Ids de Boer.
Neffens ús mist er noch in doelpuntenmakker. Ien ding is mis: Eeltsje Postma hat net skoord.
Wa’t wol skoord hat? Mail it nei info@vv-sds.nl!