De SDS-band!

Wepperkes -woansdei-
31 januari 2006
Wepperkes -tongersdei-
1 februari 2006

Foarige wike krigen wy in leuke tip binnen fan Ate-Feike de Boer. Hy hie in artikel lêzen yn it NRC oer de SDS-band. Dizze band blykt út Iran(!?) te kommen.

Hjirûnder it geweldige en tagelyk treurige artikel út it NRC. It is echt de muoite wurdich om it te lêzen. Klik derop om it lêze te kinnen(eventueel dêrnei loftsûnder klikke om it better lêze te kinnen):


De SDS-band spilet dus(mei nammen foar dêr) gjin deistige musyk. Op harren webside kinne jim harren musyk belústerje. Klik hjir om dêr te sjen. De SDS-band is in saneamde death-metal-band.

Klik hjir om te sjen hoe ’t in konsert fan de SDS-band yn Iran derút sjocht . Der mei dus net songen wurde(ek net troch it publyk) en net bewogen. Op sjongen fan iets oars as koranrigels stiet ferwijdering út de seal. Loftgitare betekent al gau in wike op wetter en brea en foar hollebatsen stiet wierskynlik dat je foar wiken de bak yn moatte.


Dit hollebatsen, lûdop sjongen èn loftgitaren soe Jan yn Iran net allinne in jier fan syn frijheid kosje mar wierskynlik ek syn krultsjes.