De nije teamyndielingen binne bekend.

Aant H. kin oeral wêze!
8 juli 2005
Programma foarbereiding SDS 1
12 juli 2005

De nije teamyndielingen fan de senioaren binne bekend. Jimme kinne se fine ûnder “senioren“.

Wat falt ús op:
– SDS 1 begjint mei 17 man.
– Gjin keeper by de B-seleksje.
– Jan de Jong is de nije leider fan SDS 2.
– Dirk de Jong wurdt striker by SDS 2.
– Âld-kluptopskoorder Eddy(Knabbel) de Boer is stoppe.
– Kluptopskoorder Gearard Posthumus wurdt beleant foar syn doelpuntenproduksje mei in plakje yn SDS 3.
– Peter Sybesma fuotballet net mear op it fjild.
– Evert Tanja stoppet as fuotballer en makket no karriëre as skiedsrjochter.
– Remco Bervoets giet wer fuotbaljen en makket syn rentree by SDS yn SDS 3.
– Appie Posthumus is werom by SDS 2 as flagger.
– Kees Adema bliuwt beskikber foar SDS.
– Der steane 15 man op ‘e reservelist.
– Der komme 7 spilers oer út de A-junioaren.
– Ronny Wagenaar is fertrokken nei Drachtster Boys.
– Der is gjin SDS 6.

Falt jim ek noch wat op? Mail it nei info@vv-sds.nl

Wy sykje ek noch inkelde foto’s fan spilers. Hawwe jim noch wat lizzen? Mail se nei info@vv-sds.nl.