De nije SDS-League! Ynleverje foar freed 13 septimber 20.00 oere! Kom mar op!

Beker: Blauw-Wit ’34 3 – SDS 2
3 september 2024
Seleksjes sneon 7-9-2024
6 september 2024

De transfermerke is eindelijk slúten en dat betsjut dat wy hast los kinne mei de earste helte fan de SDS-League.
Meitsje je team en leverje je team yn foar freed 13 septimber 20.00 oere.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.

De kosten binne noch altiten €12,50 per seizoenshelte.
As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatyske ek mei oan de twadde helte fan it seizoen.

Wy meitsje de list mei help fan gratisvoetbalmanager.nl.
Sjoch dus goed op welke posysje je favorite spiler stiet.
Gratisvoetbalmanager bepaalt, dus wy hawwe hjir gjin ynfloed op.

Hjir it ynskriuwformulier yn PDF en Excel:
*SDS League 2024-2025 ynskriuwformulier earste helte (PDF)
*SDS League 2024-2025 ynskriuwformulier earste helte (Excel)
Wy sille sneon ek wat formulieren yn de kantine del lizze.

Stjoer je team nei sdsleague@vv-sds.nl
It leafst efkes de spilers fan je team mei de nûmers der by.

Mocht der iets net kloppe dan heare wy it graach.

Set ‘em op!

De SDS-Leaguekommisje