De nije SDS-League sil los!

Sneon 13-9-2025
12 september 2025
Fuotbal op freed
17 september 2025
Sneon 13-9-2025
12 september 2025
Fuotbal op freed
17 september 2025

Hjoed binne alle 65 teams ynfierd yn de kompjoeter.
It wie moai waar foar dit ‘monnikenwurk’ dus dat kaam moai út.
Wy krigen de teams wer op de moaiste manieren binnen; mei nûmers, sûnder nûmers, mei de ferkearde nûmers, op de kop, op de side, yn it lyts en betink it allegear mar.

Wy geane der fanút dat wy woansdei mei de nijste stân komme kinne.

Wat foel der op oan de nije teams:
– Dielnimmers fan Waaksens oant Driebergen en fan Grins oant Lollum en Dronryp.
– Teams mei in 4-4-3 opstelling of in 4-2-4
– Sels de koach fan ‘Noppert United’ sjocht it net mear yn Noppert sitten en stelt Vaessen(GRO) op.
– Op basis fan de earder spile wedstriden hat Fenna Sweering it bêste team opsteld, mar dat seit miskien wol neat.
– Op basis fan de earder spile wedstriden hat Auke Eringa de minste spilers opsteld, mar ek dat seit fêst neat.
– Melle de Boer hat ynmiddels 3 grutte konkurrinten. Heit Teade en neist omke Ate no ek omke Jaap út ‘Trije Bergen’.
– Mei 65 dielnimmers binne wy dik tefreden. It skommelt al jierren rûn dit oantal.