De Grutte Klupaksje by SDS

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Sparta
8 oktober 2024
Weppers freed 11-10-2024
11 oktober 2024

Bêste SDS-ers,

Ek dit jier dogge wy as klup wer mei oan ‘De Grote Clubactie’, dy aksje is ynmiddels begûn.
Dat betsjut dat elk senioarenlid (fanôf JO-19) twa lotten krijt. Dizze kinne jim ferkeapje as sels behâlde foar €3 it stik. Fansels bin der els jier wer leuke prizen te winnen en dêrneist stypje jim SDS.

Lieders, de lotten foar jim team bin ôf te heljen yn de bestjoerskeamer. Wol jim dizze útdiele oan jim team?

It jild wat jim krije mei it ferkeapjen fan de lotten, mei jim sels hâlde. Dit jild wurdt mei de kontribusje fan ‘e 2helte fan it seizoen ferrekene.

Ha jim noch fragen? Lit it dan witte, mail nei: sekretaris@vv-sds.nl as belje/app nei 06-21467278.

Groetnis, Tryntsje
Skriuwster SDS