Âldjiersdei-weppers
30 december 2006Ferslach liftwedstryd
1 januari 2007Skin skip
Wij wolle skjin meitsje mei alles wat wij noch oan wepperkes lizzen hawwe, dêrom de lêste wepperkes fan dit jier.
Geert (1)
Wij fregen ús ôf werom Geert mei syn Mazda-sport nei it sportpark komt om in eintsje te draven:
Neffens Minne Bonnema:
Hij is sa moed fan it draven, dat hij kin allinnich noch mar het gaspedaal fan syn Mazda yndrukke om thús te kommen.
Geert (2)
Neffens Jan Steen:
Syn draversskuon steane yn de kofferbak.
Geert (3)
Noch in reaksje fan Minne Bonnema
Geert mei noch al graach prate. As hij nei it fjild giet, komt hij safolle praters tsjin, dat de heale moarn om is foar dat hij toplak is. Weromreis, wer praters en dan beklommet hij fansels. Mei de Masda der hinne hat hij net lêst fan praters ûnderweis
Aldjiersbalje
Om twa oere koe der wer efkes balle wurde troch de A-spilers en de senioren. Mar leafst 20 leafhawwers wiene oanwêzich. In útbalansearre team wûn:
In talintfolle doelman (Ype) in entoesjasme wetterfuluggens (Wichard) , jeuchdich entoesjasme (Bauke), killersinstinkt (Hampie) ûnneifolchbere bewegingen (Hendrik) en in stikje skriuwer (Aant)
KF-Easterein
Bij KF Easterein wurkje se oan in jieroersicht 2006. Jim kin dêr oan meiwurkje. Klik hjir.
Jan en Sjoerd
In lift reaksje fan Jan koe fansels net útbliuwe neidat hij troch konkurrint Wybren yn in kwea deiljocht steld wie.
Belje ik mei Muriel om wat te witten te kommen oer de opfieding van lytse bern, der ha wy wol gauris oerlis oer. Sit Wybren Jorritsma (idd. Die jongen die altyd mei in mooie frou te liften giet omt der oars net winne kin) dêr. Muriel seit:”Hoi Jan, ik kin net al te lang skilje want Wybren sit hjir.” “Wybren?”sees ik op myn beurt, “wat docht dy no by jim, sa goed kin jim dochs net mei elkoar?”
“Der hast wol gelyk yn, mar hy moest wat dingen witte, mear kin ik der net oer sizze.”
“Dan skilje ik dy letter wol werris foar wat goeie tips!”
No wol ik gjin foarbarige konklúsjes lûke, mar der binne mar 2 redenen te betinken wêrom die ‘beste’jonge dêr is.
- Hy moat útgûle om’t der syn sin net krigen hat. Der is nammentlik besletten dat de einbestimming net by de boat is, mar by de jeugdherberg. Dit hâld yn dat net persé de snelste lifters winne, mar miskien wol de rapste dravers. Dit is foar ien mei de motoriek van in Siberische iglo fansels net in foardiel. (net persoanlik hjer wybie)
- Hy freget oan Muriel as ze ek wat Franske zintsjes op papier zette wol, lykas: “Wat moat ik foar jo dwaan as jo us in kilometer as wat meinimme?”
“Wolle jo us meinimme nei it folgjende tankstation, dan gooie wy jo tank wol vol”
“Wit jo ek hoe in Fiat Multipla der útsjocht, want dat is de ienige auto wêrt we meiride meie, ofsa?”
“Kinne jo ek 5 kilometer werom ride, yn de achterút oer de flechtstrook, want dan komme we wer op de goeie wei.”
“Kin jo auto ek vare, want we moatte nei in eilân ta”.
“Kin jo us nei de eifeltoer ride, dan kinne we der bovenyn even sjen hokker kant we op moatte.”
“Sorry hjer, mar ús Fransk is net al te bêst, krekt as ús Ingelsk en Dutsk en….”
“Ik kom út Wommels en sy ut Goënga Loënga of sa?”
Sukses Wybederen en Namkje. We sjogge jim by de boat!!!
Jan en Sjoerd.
Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei ús adres.