Knabbel en Babbel
28 september 2003SDS A1 spilet lyk tsjin Wolvegea
29 september 2003SDS D1
27-9-03 SDS D1 – Workum D1 4-3
De topper fan de 2e klasse AT. Workum en wij hienen noch gjin punten ferlern. Workum stiet boppe-oan wat harren doelegemiddelde wie better. Mei fertrouwen mar dochs wol wat senuweftich seagen wy (Johan, Klaas) út nei dizze wedstriid. Mar ek de jonges wienen der wol mei dwaande west. We koenen oan de kopkes sjen dat it wol goed siet. Hjoed die Rutmer Braaksma foar it earst mei. Rutmer is oan D1 taheakke as ferfanger fan Kristiaan Gaastra. It weifallen fan Kristiaan betsjutte wat omsettingen yn de opstelling. Omdat wy in goed útbalanseare team hawwe wie dit goed op te fangen. Fanôf it begjin der boppe op seinen wy. Dan dienen ús jonges ek. Klaas wie wol wat te lûd oanwêzich, want middeis frege Klaas de Haan: Jim ha seker wûn. Ik koe dy wol heare!. Ja somtiden wol it ne sa as je it graach wolle. Hoe goed de jonges harren best ek dogge. Eddy yn de spits skoarde it earste doelpunt, in rôlerke. Mar hy stie wol te plak. Dernei skoarde Workum de 1-1. Soen nei it fuotbal spul wie SDS better mar hie Workum in oantal yndividuele talinten yn de ploech. It holp net. Want as D1 de romte krijt dan binnen se samar by de goal. Andries dindere twa kear as in trein nei de goal en poeiere der twa yn! Doede foar Eddy yn de twadde helte makke ek we syn goaltsje. Mei 4-1 en noch 5 minuten neat mear oan de han, tochten we. Mar Workum kaam dochs noch op 4-2. En doe op 4-3. Wer sieten guon jonges fan ús der trochhinne. We ha it wol reden. In fertsjinne oerwinning fan D1. De wedstriid gie sa bot op en del dat it ús trouwe en wer hiel best liedende skiedsrjochter Jan Strikwerda yn it kut skeat. Mar hy spile de wedstriid út lykas ús jonges mei ynset en beleaving. SDS D1 koprinner mei 12 punten, Workum 9!