D-1 op it tredde plak

Freonen fan …(3)
29 december 2003
Nijjierssit
30 december 2003

Easterein 29-12-2003. KNVB toernooi

Hjoed moast in seleksje fan D1 spylje op it KNVB toernoai om in finaleplak foar Frjentsjer te beheljen. Se sieten yn de poule mei Skearnegoutum, CAB en Black Boys. Spitich genôch wie dizze lêste feriening der net, sadat we mar twa poulewedstriden hienen. De earste wedstriid tsjin CAB D1 wûnen we mei 9-2. Tige goed spul en in moai opwaarmer foar de wedstriid tsjin Skearnegoutum. Dit waard in ‘thriller’ mei as einstân 1-1. Beide teams hienen ferskate kânsen mar se gienen der net yn. Sawol yn it fjild as oan de kant wienen we te ûnrêstich en te drok. De posysjes waarden net goed hâlden en it spul gie tefolle nei foarren. De wedstriid tusken CAB en S’goutum moast útwize as wy yn de finales soenen spylje as S’goutum. Hja mochten 7-0 winne en dan wienen wy troch. It waard nei in 20 minuten spanning 6-0. By eltse misleare doelpoging gong gejûch op fan D1 en by eltse goal ‘boe’.

De finales. Yn de boks de taktyk trochpraten en mar sjen. De oare finalisten wienen Easterlittens die knap SC Joure oan de kant hienen setten en LSC 1890. Dit wie hjoed de bêste ploech, mar Easterlittens wûn fan harren mei 2-1. Wy spilen mei 1-1 gelyk tsjin Littens. Earst mei 1-0 efter en doe skoarde Jarco de lymakker nei in prachtige oanfol mei in soad kombinaasje. In goede wedstriid mei in soad kâns op winst. Tsjin LSC 1890, der fuort efter oan, waard it 4-0 ferlies. It slagge ús net om te winnen. Sa giet Easterlittens troch nei Frjentsjer, LSC 1890 twadde en wy tredde. We ha wol genoaten fan somtiden it moaie technyske spul fan de jonges. De seleksje: Thor, Jort, Elger, Wytze, Andries, Jarco, Jacob, Doede, Christiaan. Jonges, de faantsjes ha ik noch thús! En de beker ek!