Brutus set SDS5 op skerp

SDS 2 wint wer
9 november 2003
E4 ferliest
10 november 2003

(8 novimber 2003)

 

Nei Ryptsjerk

Al wer moasten wy ús fans teloarstelle. De 5de útwedstriid efter elkoar soarge der foar dat er al wer gjin optreden yn Easterein wie.

De 14 fan Ids moasten dizze kear nei it izich kâld Ryptsjerk. In lestige tsjinstanner, wie ús sein. Yn de theepauze koene wy werom sjen op in 1-2 foarsprong.  Doelpunten fan Babbel Tiemersma en Klaas Okkema. Opmerklik wie de útspraak fan Bertus Bootsma: “Ik haw al twa tsjinstanner fersliten”. Dat de Ryptserkster dat oars seagen wie wol dúdlik yn de twadde helte. Der waard omraak skopt op ankels. Klaas Okkema moast derút en oanslaggen op fuotten fan Willem en Ids lieten sjen dat ek Bertus in bynamme fertsjinne: Brutus. Mei brut geweld liet hy de Ryptsjerkster efkes witte dat dy skopperij no útwêze moast. As in echte wâldman wist ús Brutus de boel efkes flink op skerp te setten en de Ryptsjerksters stelden dat net op priis want krekt dy Brutus hie der neffens harren al twa útskopt. Sa sjogge je mar wer: de selde wedstriid, de selde haadpersoanen mar in totaal oar ferhaal.

Ids Boersma makke 1-3 en nei in benaud healoere, wêrby de gasthearen op 2-3 kamen en mear rûkten, sloegen dy “âlde mannen”(neffens it roppende publyk sieten wy der hielendal trochhinne) noch wol twa kear ta. Ids Boersma waard oanroppen om te sjitten en de bal der net yn te rinnen en Babbel Tiemersma sette noch in kear goed foar wylst Knabbel like te skoren. Hy die syn sjurt net út (it is de fraach at er dat útkrije kin sûnder help) dus die bliken dat Babbel dus sels skoorde.

2-5 wie in prima oerwinning en de âlde mannen sieten der echt trochhinne. Nei wat bierkes yn de kantine gie it wol wer.