Bistedei weppers 2024

7 tsjin 7 op freed
3 oktober 2024
Sneon 5-10-2024
4 oktober 2024

Wike fan de skiedsrjochter

It is de wike fan de skiedsrjochter, dus foar alle skiedsrjochter en assistint-skiedsrjochters is der moarn in stikje oranjekoek yn de bestjoerskeamer. Wa wol der dan net fluitsje?

Bistedei

Om’t it hjoed bistedei is hawwe wy it SDS-bisteteam wer efkes boppe wetter helle mei de (âld)SDS’ers mei in bist yn de namme..
Ynklusyf begelieding.

Pupil fan de wike: Ynze-Fedde van der Valk.
Yn plak fan Wytze Vink heart no Harm Vink op keep fansels.

Ynhelje

De twadde helte fan de staakte wedstriid tusken SDS 2 en Flevo Boys 3 wurdt ferspile op sneon 26 oktober. De wedstriid begjint mei in 1-0 foarsprong foar SDS 2.

SDS 1 – Makkum 1

Nei ien winstpartij en ien ferliespartij moarn mar wer winne tochten wy sa. Dat sille sy by Makkum ek tinke, want sy hawwe noch hielendal net wûn.
Dizze seleksje mei it foar SDS dwaan en sil foar de wedstriid noch efkes op de foto:
Mark Klijnsma
Sietze Stoffelsma
Gerwin Sijbesma
Remco Hylkema
Tim Sweering
Robin van der Weg
Niels Hiemstra
Wytze Lanting
Matthijs Postma
Ate Schaap
Lourens van der Pol
Jelte-Pieter Dijkstra
Jelmer Brouwer
Pieter Bouma
Daniël Veenstra
Jorrit Stap

vv Heerenveen 3 – SDS 2

SDS 2 mei om 16.00 oere los yn it Fean tsjin Heerenveen 3.
Dit is de seleksje dy’t om 14.30 oere út Easterein fertrekt:
1. Anne
2. ⁠Arjen
3. ⁠Bauke
4. ⁠Ewout
5. Jeffrey
6. Jurjen
7. ⁠Lieuwe
8. Tjitse
9. Tom
10. ⁠Wessel S
11. ⁠Wessel W
12. ⁠Wout
13. ⁠Sjirk
14. Jens
15. Habtamu
Riders: Marco, Jens, Bauke en Ewout.

Balk 4 – SDS 3

SDS 3 mei om 14.30 oere yn Balk fuotbalje. In grut part fan de seleksje mei graach by de boer oant wurk en mei moarn allegear yn de mais. Dat tinnet de seleksje aardich út, mar it moat krekt kinne.
Dizze seleksje fertrekt om 13.15 oere út Easterein. Der sil noch wol wat by komme:
Wiltsje
Jochum
Harm
Gerben
Niels
Jildert
Michael
Aiso
Jorrit E
………..

SDS 4 – Nijland 4 g.n.t.

De mais fan it lân, in wykeintsje fuort, lêst fan de knibbel, liederje by JO19-1, in skuorde wynbrou, in reuny fan de legere skoalle yn Easterein, de skouder yn de mitella, de 7×7 op freedtejûn……….. Tefolle om op sneon 11 man op papier te krijen. Dizze derby giet dus spitich genôch net troch.

De nije Treffer

Wy binne drok dwaande mei de nije Treffer. As je noch wat aardichs hawwe mail dan efkes mei deTreffer@vv-sds.nl.

SDS-Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy ek wer op syk nei SDS-Look-a-likes. Witte jim noch in SDS’er dy’t op Joey Veerman, minister Faber, Eva Jinek, Humberto Tan, Remko Pasveer, Jutta Leerdam of op in blomkoal of sa liket? Lit it ús witte fia willem@vv-sds.nl.

Abrahammen

Guon (âld)SDS’ers sjogge dit jier Abraham en fiere dit moarn wiidweidich by Kafé Bergsma yn Easterein. Sy begjinne mei in reuny op de legere skoalle.

Wy hawwe guon teamfoto’s neisjoen om safolle Abrahammen op ien foto te sjen en dit is him wurden. Fan dizze D1 wurde der 5 dit jier 50.
Wilco Overal, Gerrit Hingst, Willem Overal, Jan-Simon Jelsma en Robert Hoekstra.
Dêrneist Andries Tacoma, Auke de Jager, Folkert-Rients Velling, Hille Meijer, Jaap van der Velde, Jan-Jetze Brouwer, Jordan en Wietske de Haan.
Guon hjir fan hawwe fansels ek by SDS balle.
Allegear fan herte lokwinske!

Harsens derby (2266)

By SDS 1 – Makkum 1 binne Idwer Dijkstra en Tiemen Visser pupillen fan de wike.