Pieter werom út Berlyn.
30 december 2006De alderlêste wepperkes fan 2007
31 december 2006Lêste fraach fan it jier!
Sa’t wij juster al melden draaft Geert Hiemstra wol hiel fanatyk syn rûntsjes op de Skoalleseize. Mar neffens in stille reporter fan ús komt hij mei syn Mazda nei it fjild ta. Werom soe hij dat dwaan?
Mail ús jim miening nei dit adres.
Beker fuort
SDS futsal wûn 2e Krystdei in moaie beker mei harren 7e plak op it Krysttoernoai yn Frjentsjer. Ynmiddels docht bliken dat de beker poater is. Wy ferwachtsje dat hy yn it nije jier fêst boppe wetter komt by ien of oare âldjiersploech…..
Mocht ien of oar de beker earne tsjinkomme mail dit dan efkes nei dit adres.
B-junioren yn aksje
Wij krigen in ferslach fan B1 sealfuotbal fan 28 desimber 2006. Klaas Pompstra wie der sels net bij mar Tamme wist fia in hierskerpe analyse it ferhaal oer te bringen; Us jonges lieten it moaiste fuotbal sjen yn de earste wedstriid. Sels in ‘topklup’ as LSC 1890 (meinammen de jeugd) siet mei iepen mûle te sjen.Ek skiedsrjochter Kraak wie fan miening dat it spul prima wie, sa sei hy tsjin Tamme. En we witte dat Kraak it altiid by it rjochte ein hat.De jonges ha in moaie dei hân en wy sjogge mei betrouwen út nei it foarjier op it fjild! It ferslach.
Eameladres
Noch altiten wurket ús eameladres info@vv-sds.nl net. Wy hoopje dat dit yn 2007 wol wer te berikken is. Oan’t dan meie jim dit eameladres brûke: sds-nijs@planet.nl.
Spilerskaart ferplicht
Wij krije fan Enne Johannes it berjocht dat ek op de Midwintertoernooiwedstriden de spilerskaarten ferplichte binne. Gjin kaart….net spylje.
Aktie by Aktiesport
Mocht der mei âld en nij it alarm gean by Aktiesport yn Ljouwert dan moat Gerard van Asselt as de bliksem sjen dat hy yn Ljouwert komt. Om ’t Gerard sels net yn steat is om yn Ljouwert te kommen soe hy graach in lift hawwe wolle mocht it alarm gean. Degene dy ’t him dan nei Ljouwert bringt kin €50,- temjitte sjen. Wa ’t Gerard syn persoanlik sjauffeur wêze wol dizze nacht kin kontakt opnimme mei Gerard syn mobile tillefoan.
Frank helle goud!
Ien fan ús jongste ferslachjouwers is Frank Bervoets. Hij docht berjocht oer it krysttoernooi.
ik hie in krysttoernooi,
it wie leuk, net allinig om de lol we wiene ek nog earste.
De earste wedstriid doe ha ik net goed fuotbalt. Mar ik bin einliks middenfjilder mar ik moest wol op de ferdediging omdat oars gjin ferdedegers wiene want ik hie hast allegear oanvallers ien mien tiemke. Mar verdedegi fien ik ek wol leuk, dus `t makket net sa folle ut.
Gert-jan sei: do paseerst mij net mar Piter van der Pol die sjitte , mar toen hie Gert-jan de bal wol mar net klem dus hie ik een leeg goal dus ik scoorde.
En toen sei ik nei de wedstriid tsjin Gert-jan: ik ha dy wol paseert.
En dus we hiene de wedstriid woen. En we hiene goud!!!!!!Dit wie mien ferslag.
50 jier yn de lange hier
Woansdei 3 jannewaris 2007 is der in bysûnder jubileum te fieren. Minne en Annie Zijlstra binne dan 50 jier troud. Dat is fansels in lokwinske wurdich foar dizze troue SDS supporter en syn frou.
…ek al hast 50 jier mei Oebele de Boer op reis mei SDS 1.
Futsalle
Sneintemiddei om 14.00 oere is der wer efkes gelegenheid om in baltsje it futsallen. Opjaan is net nedich. Op tiid komme wol!
Frânsk
Sjoerd van Beem en Jan Stenekes binne de grutte liftfavoriten fan SDS 3. Sij nimme dat ek hiel serieus. Doe’t se al in hiel skoft lyn op de mafû sieten, wiene de lessen Frânsk helaas net oan harren bestege. En dat soe harren no wol raar opbrekke kinne. Mar bij in goeie tarissing heart ek in fluchkursus Frânsk. In gelok dat Ate de Boer syn freondinne Muriel Frânsk jout op Bogerman. En krekt doe’t ien fan de konkurinten (Wybren) dêr ek al siet om in fluch kursus giet de tillefoan.
Jan bellet! Jan Stenekes. Eeuh ja seit Muriel…Net te lûd..Wybren sit hjir..
Wybren laket fansels. Skitterend! Krekt at Jan bellet foar ien of oar dom fertalinkje moat hij der by harren weze. Machtich!
(TROTTOIR! CROISSANT! Bonjoer. jem appel Jan en Sjoerd. Nous are hitchiking. Nous müsen nach Belle-Ilel..of soksawat. En dit al by Snits ofsa, witst. Der tinkt Wybren dan oan, net twifeljend oan Muriel har bekwaamheid hjer).
Ja, en at it no wol sa ferstannich is om nei Ate en Muriel te lusterjen…Wybren wit it net. Fia Lyon nei Milaan. Oan de ferkearde kant fan de dyk stean te liften en dan uteinlik wer op it plak brocht wurde wer at je oeren en oeren lyn de dei mar wer ris begun wiene… (red. “mislearre” liftavontoer fan Ate nei Milaan)
En dan dan dy skitterende wereldkaart fan foar Kristus. Wer’t Amearika noch oan Europa fest siet.
Wybren wit it net.
Sukses Jan en Sjoerd!
(It binne fan dy leave, beste jonkjes)
…..At se de goeie kursus no mar folge hawwe…..
Gerrit op 5
Mei tank oan al dy fans yn Wommels en omkriten, meinamme de Jimbar besikers, is it Gerrit Breteler slagge om op plak 5 yn de top 100 Fryske muzyk te kommen. Ferline jier stie hij noch op 8. Bij in hege notearing soe der noch in kear nei de Jimbar komme. Wij binne benijd. De top 100 is hjoed te beharkjen bij Omrop Fryslân.
Harsens derby(46)!!
Ek fannacht dus, mei al dat fjoerwurk,………(klik hjir).
Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei ús adres.