Wij kinne der net omhinne, hjoed dit topper yn de 4de klasse B
SDS 1 nimt it op tsjin Foarút 1 út Menaam
09:30 | SDS JO13-1 – Zeerobben JO13-1 | 1-1 |
09:30 | SDS JO11-1 – Beetgum JO11-1 | 7-2 |
09:30 | SDS JO8-1 – SJO Oudega/HJSC/Heeg JO8-1JM | 9-11 |
09:30 | SDS JO8-2 – Zeerobben JO8-3 | 5-11 |
10:45 | SDS JO10-1 – Zeerobben JO10-1 | 10-5 |
10:45 | SDS JO9-2 – SC Bolsward JO9-2 | 3-2 |
11:15 | ST SDS/Nijland JO15-1 – LAC Frisia 1883 JO15-2 | gnt |
11:15 | SDS MO11-1 – Flevo Boys MO11-1 | 6-1 |
14:30 | SDS 1 – Foarut 1 | 0-2 |
14:30 | SDS 4 – GAVC 3 | 0-1 |
09:00 | CVVO JO14-2 – ST SDS/Nijland JO14-1 | 5-2 |
09:00 | SF Tsjom JO10-2JM – SDS JO10-3 | |
09:15 | Scharnegoutum’70 JO11-1 – ST SDS/Nijland JO11-2 | 4-5 |
10:15 | Zeerobben JO10-2 – SDS JO10-2 | 8-1 |
10:30 | S.C. Stiens JO19-1 – ST SDS/Nijland JO19-1 | 1-1 |
11:15 | Workum JO9-1 – SDS JO9-1 | |
12:00 | Oudehaske 2 – SDS 2 | 5-2 |
13:00 | Zeerobben JO12-1 – SDS JO12-1 | 4-4 |
13:30 | Bakhuizen 2 – SDS 3 | 4-2 |
Ferlern
Hoe lang dat it lyn is dat SDS 1, SDS 2, SDS 3 en SDS 4 gjin punten helje hawwe op deselde sneon is hjoed de fraach.
Dat SDS/Nijland JO19-1 gelyk spilet tsjin de koprinner is in ljochtpunt(sje)
SDS 1 – Foarút 1
Pupillen fan de wike
Sij woene op de foto mei Niels Hiemstra en Gerwin Sijbesma
Oudehaske 2 – SDS 2
SDS ferliest fan Oudehaske yn knotsgekke twadde helte
Juster mochten wy balje tsjin Oudehaske 2. Wy starten mei in ferrassende opstelling: ferskate âld-fedetten (Anne, Lieuwe en Arjen) mochten it begjin fan de wedstriid fanôf de bank besjen en de jonge hûnen mochten sjen litte wat se wurdich wiene.
Om 12:00 oere floot de skiedsrjochter foar it begjin fan de wedstriid. Dy hie in spektakulêr begjin. Yn de 10e minút waard Wessel S. fan achterút djip stjoerd. Hy joech de bal strak foar op Habtamu, dy’t yntikke koe. Spitigernôch gong it feest net troch, want de grinsrjochter hie bûtenspul konstatearre by de djiptebal op Wessel.
Dêrnei krige Habtamu twa grutte kânsen. Ien kear kaam er 1-op-1 mei de keeper, mar dy wist knap te rêden. Dêrnei spile Habtamu himsels frij yn de sechstjin meter en skeat op ‘e goal, mar rekke keihurd de peal. De bal woe der mar net yn.
Ek Oudehaske wie hjir en dêr gefaarlik. Yn de 33e minút krigen sy in grutte kâns: in weromspylbal fan Bauke waard ûnderskept troch in spiler fan Oudehaske, dy’t allinnich op Mark ôfkoe. Gelokkich brocht Mark mei in geweldige rêding útkomst en bleau it 0-0.
Nei in oantreklike earste helte floot de skiedsrjochter foar de rêst. Yn de rêst kamen de routiniers Anne, Arjen en Lieuwe it fjild yn. It plan wie om Oudehaske heech ûnder druk te setten en in doelpunt te forsearjen, ek al lei der in soad romte efter ús ferdediging.
Dat plan die fertûten. Nei de tee kamen wy as in spear út de startblokken. Yn de 48e minút krige Jesse in libbensgrutte kâns. In strakke, lege foarset fan Habtamu bedarre by de twadde peal dêr’t Jesse stie. Spitigernôch slagge it him net de bal yn de goal te wurkjen.
En doe fûn der in âlde fuotbalwiisheid plak: “Ast sels net skorst, docht de tsjinstanner dat.” Yn de 55e minút kopte in spiler fan Oudehaske in corner knap tsjindrieds yn de goal: 1-0.
Gelokkich kamen wy mar in pear minuten letter mei antwurd. In foarset fan Arjen gie oan elkenien foarby, mar de bal waard wer ynbrocht. In spiler fan Oudehaske ferdedige knullich út, wêrtroch’t de bal by Habtamu bedarre, dy’t fanôf trije meter ienfâldich yntikke koe: 1-1! De fertsjinne lykmakker.
SDS wie dêrnei dúdlik de bettere partij. Yn de 69e minút waard Habtamu prachtich fuortstutsen troch Anne en koe fanút de sechstjin frij útsjitte, mar syn skot fleach krekt njonken de peal.
In minút of tsien letter waard Arjen frij foar de keeper set troch Habtamu. Arjen tikke de bal tûk oer de keeper, mar ta elkenien syn fernuvering waard de goal ôfkard foar bûtenspul. In hiel twifelich beslút.
SDS bleau op jacht nei de foarsprong, mar in pear minuten letter folge der in skerpe counter fan Oudehaske. De bûtenspiler fan Oudehaske skeat kreas yn de fiere hoeke: 2-1.
Dêrnei folge in knotsgekke slotfaze fan it duel.
Yn de 90e minút makke Habtamu de terjochte 2-2. It like derop dat wy noch in punt meinimme soene. Mar it tsjindiel barde.
Fuort nei de ôftrap foel Oudehaske oan en makke daliks de 3-2, noch gjin minút nei ús lykmakker.
Yn de 94e minút sette in spiler fan Oudehaske in rush yn fanôf de middenline, rûn rjocht op Mark ôf en skeat de bal tusken syn fuotten troch: 4-2.
As dat noch net genôch wie, makke Oudehaske yn de lêste sekonden ek noch de 5-2 út in frije traap dy’t se yn de winkelheak poeierden.
Fjouwer goals yn blessuertiid… Dat meitsje je net faak mei.
Mei in bêste kater gongen wy werom nei Easterein. Takomme wike hawwe wy in herkânsing: thús tsjin IJVC.
In goeie snein fierder elkenien.
Allert Turksma
SDS 3 ferliest mar skoart wol twa kear
At se der net folle fan bakten tsjin Bakhuizen 2 witte wij net. Sse ferlearen mar skoarden wol twa kear. Rutger en Jasper makken de doelpunten
SDS 4 – GAVC 3
Yn de lêste minút makke GAVC 3 de 0-1. Miskien wol terjochte, mar as it dan pas bard binne de drúven wol hiel soer. Neffens de measte SDS’ers hie SDS 4 wol in puntsje fertsjinne.
De nije JO8-2
De alderearste wedstriid fan dizze JO8-2 gie juster ferlern tsjin Zeerobben, mar dat makket neat. It gie goed en sy mochten foar it alderearst mei syn allen op de foto. Mei tank oan Sipke Vellenga.
Steand flnr: Melle Stegenga, Luuk van der Weg, Rinke v/d Meulen, Hette Statema, Jesse Jorritsma, Twan Veenstra.
Sittend flnr: Jimte van Ruiten, Sven Vellenga, Luuk van der Schaaf.
Leiders: Jentsje Jorritsma, Douwe van der Schaaf, Sipke Vellenga.