Weppers tongersdei 2-8
2 augustus 2012SDS-histoarje
4 augustus 2012SDS 65 jier!
It belooft nije wike freed in alderaardichste dei te wurden. Foar eltsenien is der wol wat te dwaan.
Barbecue
Foar de barbecue hawwe mar leafst 150 man/frou harren opjûn. Dat liket der op.
Klupliet
Noch nea hat SDS in klupliet hân. Wy sille sjen as wy dêr nije wike feroaring yn bringe kinne. Lear dit mar fêst út de holle:
Wy binne sljocht op SDS.
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS.
Wy sjitte fuort net yn de stress.
“Sljocht op SDS”-kwis
Freed sil der ek in kwis wêze. Wa wit der it meast fan SDS?
Swart-wyt
Om oan de dei in écht SDS-tintsje te jaan like it ús moai dat eltsenien yn it swart of wyt klaaid is. Je meie yn it swarte troupak, mar in swart T-sjurt mei, in wite troujurk mei ek en oars mar in wyt boesgroentsje. Sommige kinne miskien better sûnder sjurt…………
Sa kin it fansels ek……………
SDS-film
By it 50-jierrich jubileum fan SDS wie der in útgebreid programma. Alles fan dy dei is doe filme. Freed kinne jim de bylden weromsjen.
Fuotbaljen
De jeugd hat moarns in fuotbaltoernoai en de froulju en de mannen meie middeis los. De eksakte tiden wurde noch bekend makke.
Fuotbalsjo
Nei it fuotbaljen fan de jeugd (rûn in oer as 12.00) is der in saneamde “Freestyle-voetbalshow” foar jong en âld. Hjir alfêst in foarproefke.
Patat en limonade
Nei de fuotbalsjo is der fansels patat en limonade foar de jonge fuotballerkes.
Noch net nei hûs
Nei de patat en limonade hoefe de bêrn noch net nei hûs. Der is foar de bêrn dan û.o. in luchtkessen.
Jan Nota
Jûns komt Jan Nota mei syn gitaar en sil der foar soargje dat oan ’t midsnacht de sfeer der goed ynbliuwt.
Opjaan
Foar wa ’t him noch opjaan wol foar nije wike moat dit sa gau mooglik hjir dwaan.
Kosten
De barbecue kostet €10,- per persoan. Hjirfoar hawwe 3 stokjes saté, in hamburger, in karbonade, in woarst en in filetlapke. Dêrneist is der salade en stokbôle by de fleet.
It soe moai wêze as eltsenien dy’t him opjûn hat no alfêst €10,- oermakket op rekkennûmer 349501033 fan SDS út Easterein û.f.f. SDS 65 jier BBQ.
Dit skeelt freed hiel wat wurk.