3 generaasjes yn SDS 1?

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Sparta
17 oktober 2024

Daniël Maldini debuteare ôfrûne wike yn it Italiaanske alvetal lykas earder syn heit Paolo en syn pake Cesare ek yn it Italiaanske alvetal spile hawwe.
In unikum!
(sjoch ek hjir).

No binne wy wol benijd as der by SDS ek famyljes binne wêr fan der 3 generaasjes yn SDS 1 balle hawwe.

Fan de famylje Hiemstra binne wy yn elts gefal wis;
-Pake Geert Hiemstra
-Heit Gert-Jan
-Pakesizzer Niels


Geert Hiemstra (1964)


Gert-Jan Hiemstra (1994)


Niels Hiemstra (2024)

As wy dizze plaatsjes oanhâlde (hieltiten 30 jier der tusken). Dan kinne wy yn 2054 de folgende generaasje Hiemstra yn SDS 1 bewonderje.
Wy binne benijd!

Witte jim mear?
Mail it nei willem@vv-sds.nl.