Wy krije in sportkoai!

Weppers moandei 14-8-2023
14 augustus 2023
De nije SDS-League! Noch efkes geduld.
16 augustus 2023

De kûgel is definityf troch de tsjerke!
Der komt definityf in sportkoai op sportpark De Skoalleseize.
De financiering en de fergunningen binne hielendal rûn en der sil dizze of nije wike troch Okkema sels al begong wurde mei it ree meitsjen fan de grûn.
De ferwachting is dat der dan yn oktober folop sporten wurde kin yn de sportkoai.
Der kin sawol fuotballe, follyballe, fuotfollyballe, tennisse as badmintond wurde.

Sa komt de sportkoai der ûngefear út te sjen.

De sportkoai komt op it trainingsfjildsje foar de boksen te stean mei de yngong oan de kant fan it kassahokje/parkearterrein.
It sil fan bûten te berikken wêze sadat je der ek op kinne as it sportpark ticht is.

De sportkoai komt der mei help fan:
– It Iepen Mienskipsfûns
– BIOR
– OVWE
– BOSA
– Vitaliteitsfonds
– Sponserrin SDS by sc Heerenveen
– Flessenaksje SDS
– Ynset fan frijwilligers

Mei tank oan de sportkoaikommisje;
Syb Overal, Robert Hoekstra, Vera de Vries en Jacob-Sjirk Joustra.