Weppers woansdei 7-6-2023

Slotdei jeugd tige slagge!
5 juni 2023
Weppers woansdei 14-6-2023
14 juni 2023

37 jier woskfrou

Frou Kooistra hat mar leafst sa ’n 37 jier woskfrou west. Se hat it altiten in makkelijke taak fûn, der wie foar har neat bysûnders oan, mar it is no wol moai west. Fan it SDS-bestjoer en SDS 2 hat sy in presintsje krigen. It spiet har al dat sy ferline wike sneon de sjurts net krigen hat. Sy hie se noch wol ien kear woskje wollen. Dit wie allinnich net nedich, want SDS 2 spilet nei de simmerstop yn nije sjurts.
Frou Kooistra, tige by tige!

Amstel Cup

SDS 1 hat it seizoen ferline wike ôfslúten mei de lêste training. Dizze mannen gienen der úteinlik mei de Amstel Cup fan troch.

Jelmer Posthumus, Erik Haitsma, Douwe-Jan Vellinga, Steven van der Pol en Gerwin Sijbesma wiis mei de Amstelpriis.

Foetfollybal

SDS 2 hat ferline wike ek it seizoen ôfslúten mei in partijtsje foetfollybal op trainen. Dêrnei hat trainer Samir de mannen trakteard op in hapke en in snapke.

Aardichheidsje

Frou Hoekstra wosket al jierren de sjurts fan SDS 5 en wie wiis mei it aardichheidsje dat sy fan SDS 5 krigen hat. Sy hat lyk witte litten ek folgend seizoen wer woskje te wollen.

De Treffer

Der komt noch ien Treffer sa oan it ein fan it seizoen. Hjir hawwe wy al wat help by nedich. Hawwe jim in moai seizoensferslach, in SDS-lokk-a-like of oars wat stjoer it nei info@vv-sds.nl.

Slúten

De goals binne fan it keunstgersfjild ôf helle en komme der begjin augustus wer op. Sa lang is it fjild slúten.

Barbekjoe betelje

Wa ’t ferline wike sneon de SDS-barbekjoe noch net betelle hat dy kin dat hjir dwaan. It koste 10 euries.
Betelfersyk Rabobank: https://betaalverzoek.rabobank.nl/betaalverzoek/?id=7tBnS5v4TYyapW_m03rqFg

In lyk man is in ryk man.

Harsens derby (2172)

Toet, toet!