Weppers woansdei 6-3-2024

SDS-League: Jelmers ‘Brouwer-Power’ pakt de wykpriis!
5 maart 2024
SDS-FIFA-toernoai op freed 15 maart
7 maart 2024

SDS 2 yn byld

Der wie sneon in technyske steuring, sadat de bylden van ONT 2 – SDS 2 net te sjen wiene. Mar…..foar de leafhawwer is der goed nijs. It is wol opnommen en dus no ek noch te besjen.
Klik op it plaatsje hjir ûnder

Efkes Balje

Sa komt op moandei tusken de middei de fraach at wij jûns wer efkes balje.
Han docht  de ôftraap op Whatsapp en sa’t in yn Wommels ynboargere eks-Amsterdammer dat kin, is dat yn it Frysk  (petsje ôf)
Mei 8 giet it troch en binne wij tefreden, mei 10 binne wij út é skroeven en mei 11 wurdt it 5 tsjin 6.
Sa komt it úteinlik want Sjirk woe wol wer efkes mei dwaan. In wurdt in moaie spannende striid, wêr’t ploechje 5 nei in 4-1 efterstân werom komt ta 4-4.
Dan sette de 6 efkes oan en úteinlik stiet it 7-5 at de klok fan Itens, dy’t in minút earder is as dy fan Easterein, omdat it iets eastliker leit, 20.30 slacht.
Dat is it ûnferbidlike ein en tagelyk it begjin fan de twa winnende doelpunten. Flot wurdt it 1-1 en de 2-1 foar ploechje 6 lit ek net lang op him wachtsje.
Ity wie wer in prachtige fuotbaljûn foar de leafhawwers
Ploechje 5: Sjirk, Wouter, Menno, Johan Hiemstra en Klaas
PLoechje 6: Han, Folkert Rients, Minne, Johan Heerma en Aant

Kantine iepen

Moarntejûn is de kantine ek wer iepen nei it trainen. Fanôf in oer as 20.13 oere sil Inne jim wer foarsjen fan in hapke en in snapke. Sa kinne jim noch moai it lêste stikje fan Ajax – Aston Villa sjen.

De nije Treffer

Wy binne drok dwaande mei de nije Treffer. As alles meisit dan meitsje wy him it wykein klear en leit der nije wike freed by jim op de matte.

SDS-Look-a-likes

Wy binne dus al wer drok dwaande mei de nije Treffer, dus ek mei de rubryk SDS Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby (2232)

Toet, toooeeeeeeeeeeeeeet!